Pear moanne isolaasje kin begjin fan nije taal wêze

april 29, 2020 00:42

Yn maart 2017 sieten alve minsken op ‘e Súdpoal in listje Ingelske wurden foar te lêzen. Hja diene mei oan in ûndersyk fan taalkundige Jonathan Harrington. Hy kaam derefter dat de alve minsken nei in ferbliuw fan fjouwer moanne op ‘e Súdpoal al in nije, eigen útspraak fan ferskate lûden ûntwikkele hiene.

Taalkundigen witte frij goed hoe’t it komt dat nije taalferskynsels har ferspriede, sadat talen lang om let feroarje en har úteinlik yn nije talen opsplisse. Se witte allinnich net hoe’t dat proses begjint. Harrington hat sa’n begjin no op ‘e die betrape. Neffens him is isolaasje fan in lytse groep minsken de briedpanne dêr’t nije taalfoarmen yn ûntsteane.

Fjouwer moanne lang liet Harrington in groep wittenskippers op ‘e Súdpoal om ‘e pear dagen deselde wurden foarlêze. Hy fernaam dat de û- en de oo-lûden yn fjouwer moanne tiid mjitber feroaren, trochdat sprekkers de tonge krekt in hiel lyts bytsje nei efteren ta lûke. De û begjint dêrtroch in bytsje op in ú te lykjen en de oo op in eu. De útspraak fan it û-lûd yn wurden lykas queue en food wie yn de groep geliker wurden en de ferskillen mei de útspraak fan it Ingelsk op oare plakken op ‘e wrâld wie lytser wurden. It gie net om grutte ferskillen, seit Harrington, mar se wiene wol sa grut dat se te mjitten wiene. Sa koe er it ûntstean fan it ‘Súdpoal-Ingelsk’ hiel krekt folgje.

Neffens Harrington moatte de streekeigen dialekten fan dellingen yn Noard-Italië op deselde manier ûntstien wêze, troch fysike isolaasje. Hy seit: “As se nochris beslute om in oare planeet te kolonisearjen, bygelyks Mars, dan wolle wy dêr graach ûndersyk nei dwaan. Dêr soe dan in Marsiaansk aksint ûntstean.”

april 29, 2020 00:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.