Palmpeaskefiering yn Martinustsjerke Snits

april 6, 2020 10:02

Pastoar Peter van der Weide fan de Sint Antonius fan de Paduaparochy, hat sneon by in besletten Palmpeaskefiering de palmtûken foar de parochianen wijd.

Foto: Sicco Rypma

Yn de fiering yn de Martinustsjerke yn Snits, mei allinnich de kosters yn ’e tsjerkebanken, waard ek foargien troch pastor Lucas Foekema. Dy beklamme yn syn preek hoe wichtich oft freonskip yn de koroanatiid is:

“It buksustûkje stiet symboal foar dy freonskip. Ik hoopje fan herten dat wy dat boadskip fêsthâlde, dat wy it plantsje in plakje jouwe yn ús hûs, yn ús libben. Gewoan omdat freonskip en leafde sa belangryk binne.”

De wijde palmtûken kinne no út it portaal fan de fjouwer parochytsjerken yn Snits, Blauhús, Heech en Reahûs helle wurde. De besletten Wite Tongersdeifiering wurdt yn de tsjerke fan Reahûs holden.

april 6, 2020 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.