Pakes comeback (1)

april 27, 2020 08:00

In sabeare toanielstik yn trije bedriuwen, acht tafrielen en no in fearnsjier lang as soaprige op It Nijs

Sjoch hjir foar de taljochting.

Efkes foarstelle, de rollen:

  1. Pake, dy’t – nei’t beppe ferstoarn is – út it âldereintehûs wei útnaait en op ’e nij yn de maatskippij bedarret, hoewol’t er aardich nei de 80 rint (fierwei de grutste rol)
  2. Dochter Sytske, om ’e 40 hinne, dy’t krekt skieden is fan har man Piter, en pake yn ’e hûs nimt (belangrykste tsjinspiler)
  3. Pakesizzer Nynke, famke fan 18 (tsjinspiler)
  4. Pakesizzer Douwe, jonge fan 15 (tsjinspiler)
  5. Karel, de nije lover fan Sytske (lytse rol), likernôch 20 jier jonger
  6. Sybe, kunde fan pake (hiel lyts roltsje)
  7. Jeffry, de feint fan Nynke (figurant)
  8. Stimmen oer de lûdsynstallaasje
  9. De elektroanyske hûn George W. Bush en letter de Fryske stabij Bijke
  10. (De buorfrou, freonen fan de pakessizzers en kollega’s fan de dochter wurdt wol tsjin praat, mar se komme net yn byld en litte har net echt hearre)

Prolooch

Foar’t it gerdyn iepengiet, is de stimme fan Nynke te hearren (dimmener en yn gever Frysk as daliks op de planken):

“Yn dizze nuvere koroanatiid tink ik algeduerigen werom oan pake dy’t eartiids samar by ús foar de doar stie en net fan doel wie om wer fuort te gean. Wy wiene krekt úteinset mei in nije iuw, mar it like wol as woe hy ús werom prate nei sines. Of woe er just dat we de goeie dingen út syn iuw meinommen nei uzes? Wat soe hy der hjoed-de-dei allegearre wol net fan sein ha? Dat mealt my nachts yn ’e kop om en hâldt my út ’e sliep. As pakesizzers koene wy him doe net sa goed folgje, mar hiene we better nei him lústerje moatten? Of ‘harkje’ soe ik dan eins sizze moatte. Wy tochten doe dat er sa konservatyf wie, mar ik ha no wol yn ’e gaten: somtiden moat men ris omsjen en jin ôffreegje oft we neat kwytreitsje dat just weardefol is om de takomst mei treast te wêzen. Krije we faaks wer each foar soksoarte saken yn dizze krisistiid? Of bedarje we troch de wankende earmoed lykwols wer yn pake syn iuw?”

Dan giet it gerdyn stadichwei iepen foar it earste bedriuw.

Toanielstik Pakes comeback

Earste bedriuw, hjerst

Dekôr: In keuken mei wenkeamer en treppen, de foardoar en de doar fan de útfanhûzerskeamer. De oare keamers binne net sichtber.

Earste tafriel: in freedtemiddei ein oktober

Sytske is yn de keuken oan it wurk wylst de bern op harren keamers sitte (dy sjogge we net) as de belle giet.

Sytske: (ropt) Nynke, dochst de doar even iepen?… Nynke?

Nynke: (ropt) Nee-ee, ik bin héél dro-hok.

Sytske: Toe no, ik stean mei de hannen yn it deech!… Nynke!

De belle giet nochris en wy hearre stampen op ’e treppen (of sa), dan ferskynt Nynke.

Nynke: (op ferfeelde seurderige toan) Hoe ken ik no sa oait myn húswurk au krije!

De belle giet wer en Nynke docht de doar iepen. Pake stapt deryn, mei in wiete paraplu, dy’t er ôfskoddet en der komt in hânfol blêden mei him mei.

Nynke: Oh my god, pake, wat dogge jo hjirre?

Pake: Goemiddei, Nynke. Kinst myn koffers efkes oankrije?

Pake langet in pear koffers oan Nynke oer. Pake is te drok en Nynke te ferstuivere foar in fatsoenlike begroeting.

Nynke: It liket wol oft jo te lozjearen komme. Dêr wist ik niks fan.

Pake: Nee, dat koest ek net witte. Ik haw it fan ’e moarn pas betocht, dat ik mar ris útfanhûs moast.

Sytske: (ropt) Wa is it?

Nynke: (ropt werom) Pake. Mar doch mar kalm an, want ik leau net dat er drekt wer fuortgiet.

Sytske komt der oan rinnen, met de hannen noch hieltyd yn it daai.

Sytske: Pake? Dat miénst net. Heit! Yn de goedichheid! Wat sille wy no krije? Och heden noch ta! Hoe komt heit hjirre? En wêrom ha jo net even belle? Dan hiene wy heit ommers wol ophelje kinnen!

Sytske jout pake in tút wylst se besiket him net ûnder it daai te setten.

Pake:  Ê jù, dêr ha jim it ommers fierstente drok foar en it giet bêst mei de trein en de bus. It duorret even, mar ik ha de tiid oan mysels. En wy binne it ek net sa wend om oer soks earst dan wer te skiljen.

Sytske: Mar dit is in rare boel; it treft krekt ôfgryslike min. Ik ha jûn in halloween-party by freonen en no bin ’k drok om dêr in taart foar te meitsjen.

Pake:  O, ik tocht al, wat sitst ûnder it daai. Mar dat hinderet neat, je. Ik hoech fuortendaliks net fierder, dus gean mar moai dyn eigen gong.

Sytske rint suchtsjend en skodholjend werom nei de keuken en giet fierder mei har taart.

Pake: Nynke, wacht even. Der stean noch in pear koffers op ’e stoepe, dy sil ’k efkes krije.

Hy pakt noch in pear grutte koffers. Se ferdiele se en ha der beiden in hiele tôch oan om se by de útfanhûzerskeamer te krijen.

Nynke:  It sjocht derút oft jo al jo spullen hè meinaam. Binne jo fan plan hjir te bliuwen?

Pake: (docht in bytsje skruten) Ehhum. We moatte mar ris sjen. Mar yn dat âldereintehûs ha ik in hûn giseljen sjoen.

Nynke:  Wat bedoele jo?

Pake:  Wat ik sis, ik wol út noch yn net werom nei dat âldereintehûs.

Nynke:  Hoesa?

Pake: Ik ha dêr skjin myn nocht. Ik kin it der net mear bankje, sûnt beppe dea is.

Nynke: Okee dan.

Pake: Mar dat hoechst net allegear daliks oan jim mem te fertellen, hear. Dat moat mar wat tuike tuike. Earst moatte dy koffers mar ris út ’e wei, foar’t hja se sjocht.

Nynke: No, dêr hoeve jo net benaud foor te wêzen, hear, Sytske sjocht niks, se is fierstente drok mei dy party fan har.

(moarn fierder)

april 27, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.