Adri de Boer ropt radiostjoerders op ta aksje Fryslân Muzyklân

april 9, 2020 10:16

Buma Stemra ropt de Nederlânske radiostjoerders op om foaral Nederlânske produksjes te draaien. Yn neifolging op dat berjocht docht Adri de Boer in oprop oan alle Fryske stjoerders om manmachtich foaral Fryske produksjes te draaien.

Adri jout oan dat – en dan hat er it allinne oer syn eigen fakgebiet – it swiere tiden binne foar de muzykwrâld yn Fryslân. Koaren, brassbands, fanfares, bands, solisten, neam mar op, elkenien is yn dizze tiid fan koroana oan hûs bûn, en der is amper romte om mei-inoar te oefenjen.

Fansels binne de swiere tiden op elkenien fan tapassing, mar sa’t Adri oanjaan wol, elk kin besykje it bêste foar syn eigen fakgebiet te bewurkmasterjen. Hy wol op dizze manier in stientsje bydrage foar de Fryske muzykwrâld. Op nei in Fryslân Muzyklân!

april 9, 2020 10:16
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga april 9, 14:52

    Ik haw hjoed nei Omrop Fryslân harke tusken 14.00 en 15.00 oere. Ien Frysk liet, twa Nederlânske en al it oare âlde Ingelske, Amerikaanske lieten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.