Omrin organisearret Nasjonale Bijetelling foar thús

april 7, 2020 09:34

Op sneon 18 en snein 19 april wurdt de jierlikse Nasjonale Bijetelling holden. Omrin, sûnt febrewaris 2019 oansletten by it Bijepakt fan Silence of the Bees, organisearret en fasilitearret in bijetelling foar de hiele húshâlding yn eigen tún. In moaie bûtenaktiviteit foar jong en âld, sûnder kontakt mei oaren te hawwen.

Foto: Omrin

Bijetelpakket
Op de webside fan Omrin is mear ynformaasje oer de bijetelling te finen. De earste fyftich oameldings fan de bijetelling krije in spesjaal bijetelpakket tastjoerd mei ûnder mear in telformulier, blomsied en ynformaasje oer de ûnderskate soarten bijen. De oanmeldings gean hurd en dêrby jildt op=op. Mei de bijetelling kinne dielnimmers ek meidwaan oan de fotowedstriid troch in moaie foto of selske fan it bijetellen yn te stjoeren.

Bijepakt
Omrin wol in aktive rol spylje yn it ferbetterjen fan it bioferskaat op syn lokaasjes en dêrbûten, want sûnder bioferskaat gjin sirkulêre ekonomy. Bydragen oan alle soarten fan omrin, ek dy yn ’e omjouwing en natuer. It bijetellen is in weromkommende aktiviteit en ûnderdiel fan it troch Omrin yn febrewaris 2019 ûndertekene Bijepakt.

april 7, 2020 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.