Oerisel hanthavenet net tsjin boeren dy’t PAS-melding diene
Resint ferskynd
Boeren en túnkers yn Oerisel kinne foarearst feromme sykhelje. De provinsje hat besletten om net te hanthavenjen tsjin in stikmannich bedriuwen dy’t in PAS-melding diene. Troch de útspraak fan de Steatsrie ferline jier binne alle PAS-meldings ferneatige. De bedriuwen sille in fergunning krije moatte. Dat wol de minister dwaan, mar dat kostet tiid.
Mobilisation for the Environment (MOB) woe dêr net op wachtsje en easke hanthavening fan de provinsje Oerisel. Dy hat ôfrûne wike besletten om dy eask ôf te wizen. Dat betsjut dat dy claimsklup en Vereniging Leefmilieu (VL) net harren sin krije. Dat kreëarret rêst foar de PAS-melders. LTO Noard is bliid dat de provinsje dúdlikens skept.
Foarsitter Haarman: “It is ûnferantwurde dat claimklups as MOB en VL minsken yn ûnsekerheid bringe oer de takomst fan harren bedriuw. It giet om ûndernimmers dy’t yn goetrou hannele hawwe. Hja meie hjir net de dupe fan wurde. It fraachstik fan de meldingsplichtige bedriuwen leit op lanlik nivo. De minister sil derfoar soargje moatte dat dy bedriuwen oan in fergunning holpen wurde. De minister hat dat tasein, mar it is noch net bekend op hokker wize sa dat dwaan wol. Dat alle dúdlikheid is der noch net. As LTO bliuwe wy boppe-op dit fraachstik sitten.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje