Needmaatregels kabinet tige wolkom foar troffen boeren en túnkers

april 16, 2020 09:23

It kabinet kundige woansdei ekstra stipe oan foar de siertylt, fiedingstúnbou en patatierappelferbouwers – sektoaren dy’t hurd rekke binne troch de koroanakrisis. LTO Nederlân ferwolkommet de oanfoljende maatregels, dy’t ûndernimmers helpe moatte om de holle boppe wetter te hâlden yn dizze nuvere tiid.

Foto: pixabay.com

“Grutte groepen boeren en túnkers kinne gjin kant op mei harren produkten. It is faak net mooglik om de blommen, planten en iten dêr’t in protte yn ynvestearre is, samar in pear moanne op te slaan. De sektor stiet foar in unike útdaging, en de algemiene ekonomyske maatregels fan it kabinet biede net alytd in oplossing”, seit Marc Calon, foarsitter fan LTO Nederlân. “De oanfoljende maatregel foar de siertylt, túnbou en patatierappelferbouwers is dus tige wolkom. Minister Schouten hat dêrmei each foar de ferskriklike ympekt dy’t de krisis op ús leden hat. Tagelyk bliuwt de hurde realiteit dat de problemen foar in protte bedriuwen fan sa’n omfang binne, dat se dêr noch net mei oplost binne.”

Mei de juster oankundige regeling makket it kabinet respektyflik € 50 en € 600 miljoen frij om ierappelferbouwers en ûndernimmers yn de siertylt en de fiedingstúnbou te kompensearjen. By de útwurking en útfiering sil mear dúdlik wurde oer wat dat foar ûndernimmers yn need konkreet betsjutte sil.

april 16, 2020 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.