Museum Belvédère lansearret firtuele rûnlieding

april 19, 2020 08:57 Fernijd

De eksposysje Relaasjes & Kontrasten wie noch mar krekt iepene, doe’t Museum Belvédère needsake waard om de doarren te sluten. No is der in filme registraasje te sjen op de webside en sosjale media, sadat net ien de útstalling hoecht te missen.

Boarne: Museum Belvédère

It is gjin ‘gewoane’ film wurden, mar in ynteraktive firtuele rûnlieding. Opnaam mei in 360-gradekamera en foarsjoen fan ynformaasje. Merijn de Boer (fan Indietopia) makke de tour, mei tank oan studinten fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Hja fersoargen de 360-gradefoto’s as opdracht binnen de oplieding art & sound.

De rûnlieding wurdt yn trije dielen oanbean. De earste edysje stiet no online, de twadde ferskynt op freed 24 april en de lêste op freed 1 maaie.

Besjoch hjir de firtuele rûnlieding.

Elts diel duorret likernôch tsien minuten en befettet in sprutsen taljochting troch direkteur-konservator Han Steenbruggen. De besikers kinne fansels langer as tsien minuten yn it museum bliuwe en – tanksij de 360-grade-opnamen – sels troch de sealen swalkje of fokusje op beskate keunstwurken. Yn it earste diel wurdt stilstien by wurken fan Alphons Freymuth, Piet Ouborg, Gerrit Brenner, Armando en Henk Peeters.

Takom wike giet de rûnlieding fierder mei wurken fan ûnder oare Bram Bogart, Eugène Brands, Jan Commandeur en Jan Maaskant.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumbelvedere.nl.

april 19, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.