Moat it Outbreak Management Team it fjild romje nei dizze krityk?

april 26, 2020 17:00

Roel Coutinho, de eardere direkteur fan it sintrum foar ynfeksjesyktebestriding fan it RIVM, is fan betinken dat it kabinet nije adviseurs sykje moat by it foarmjen fan belied yn ‘e koroanatiid. Neffens Coutinho binne de advizen fan it Outbreak Management Team allinne basearre op medyske oerwagings. Hy seit: “Er moeten bij zo’n crisis niet alleen medische afwegingen gemaakt worden, maar ook maatschappelijke en bestuurlijke afwegingen”.

Op it stuit is Outbreak Management Team it wichtichste advysorgaan fan it regear. Neffens Coutinho makket de grutte rol derfan it mooglik dat de oerheid him skielk foar syn ferantwurdlikheid weiwynt troch te ferwizen nei de advizen. Boppedat hat neffens Coutinho it Team net de taak om oer in lange perioade as adviseur te fungearjen.

Coutinho is net de iennichste mei krityk op it Outbreak Management Team. Ferskate Nederlânske wittenskippers fersetten har hjoed tsjin de geheimsinnigens om it Team hinne. De wittenskiplike gegevens dêr’t it syn advizen op basearret wurde net iepenbier makke. Se wurde ek net oan de Twadde Keamer of it ministearje fan folkssûnens stjoerd en se binne net op te freegjen fia de Wet iepenbierheid fan bestjoer. De ynhâld fan de gearkomsten fan it Team binne geheim en de leden meie net mei de parse oer harren wurk prate.

Alex Friedrich, in mikrobiolooch út Grins, dy’t lid fan it Team is, seit dat er de geheimhâldingsferplichting tsjin it sin ûnderskreaun hat: “Ik ben dit als wetenschapper niet gewend. Wij spreken juist open met elkaar, we spreken elkaar vooral tegen.” Hy is it iens mei de krityk fan Coutinho.

april 26, 2020 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.