Minister ferpoft it om Fryslân de kontrôle oer it skoalfak Frysk te jaan

april 8, 2020 17:19

Foto: pixabay.com

Hoewol’t it Ryksregear yn dizze koroanatiden sjen lit dat it wis wol trochpakke kin as der wat misgiet, stûket dy diekrêft as it giet om it ferbetterjen fan de lessen Frysk op Fryske skoallen. Moolk is de minne kwaliteit dêrfan sels in minskerjochteskeining, sa’t It Nijs okkerdeis berjochte.

It provinsjebestjoer fan Fryslân hat in pear jier lyn it foech krige om de doelen foar it skoalfak Frysk fêst te stellen en om skoallen frijstelling te jaan fan dat fak, mar net om skoallen te fergjen op it heljen fan de doelen. Deputearre Poepjes hat it Nederlânske ministearje fan ûnderwiis te witten dien dat hja dat foech ek graach by de provinsje hawwe wol, mar minister Raymond Knops hat dizze wike oan ‘e Twadde Keamer skreaun dat dat foech by de ûnderwiisynspeksje bliuwt. Wol wol de minister dat de ynspeksje stranger fanwegen komt as in skoalle it fak Frysk sloere lit. “Specifieke eigen ideeën van besturen over het schoolvak Fries kunnen nooit reden zijn om niet aan de wet te voldoen”, skriuwt de minister oan de Keamer.

De lessen Frysk hawwe op in soad skoallen te min om ‘e hakken. Dat probleem spilet al tsientallen jierren. Yn 2005 wie it reden om de offisjele doelen te ferleegjen, sadat skoallen dy wol helje koene, mar dat barde ek net. Yn 2010 joech de ûnderwiisynspeksje oan dat dy it fak Frysk net mear kontrolearje soe. Yn 2018 konstatearren ûndersikers fan hegeskoalle NHL dat de mearderheid fan de skoallen te min oan it Frysk die. Ein 2019 kaam de ûnderwiisynspeksje ta deselde konklúzje. De provinsje woe skoallen oant 2030 de tiid jaan om harsels sa te ferbetterjen dat se de offisjele doelen allegear helje, mar de ûnderwiisynspeksje woe der net oan meiwurkje om dat ôf te twingen. Neffens Knops soe dat wol moatte.

Oarspronklik wie it doel fan de provinsje ek dat alle skoallen nei fjouwer jier dúdlik in stap foarút gongen wiene. Deputearre Poepjes seit dat se dêr no net oer begjinne wol, om’t skoallen it troch de koroane tige drok hawwe. Hja seit: “Frysk is wichtich, mar alles hat syn tiid.”

april 8, 2020 17:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. B april 8, 18:29

    Boycot, boycot, boycot, oars neat. Net sa nayf. Wy moatte it sels dwaan: pake, beppe, heit en mem wer yn e skoalbanken om harsels te alfabetisearjen en dêrnei trochjaan oan e bern en bernsbern. Offers bringe!!

  2. Cor Jousma april 9, 10:18

    Miskien is it aardich en lês ek it stik dat de Omrop hjir oer hat:

    https://www.omropfryslan.nl/nijs/951492-stranger-tafersjoch-op-skoalfak-frysk-mar-net-troch-provinsje

    Soe de CDA-deputearre yn spagaat sitte mei har CDA-skoalbestjoerders?

    Wat my doe yn desimber 2016 al dúdlik wie en dy Kanadees ek nochris dúdlik makket, is dat Abe de Vries en konsorten mei ‘it Frysk is in bernerjocht’ de spiker op ‘e kop sloegen. Jo meie Frysktalige bern en ek dy’t it thús net meikrije net sûnder goed Frysk op in TWATALIGE mienskip loslitte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.