Milaan feroaret yn krisistiid yn fytsstêd

april 23, 2020 10:48

De strjitten fan Milaan binne leger as ea en de lucht boppe de stêd hat yn desennia net sa skjin west. Dat binne twa positive effekten fan de koroanakrisis dy’t de Noard-Italiaanske sakestêd no al moannen teheisteret. Mar as de lockdown oer is, wol it stedsbestjoer dêr wat fan behâlde.

Foto: pixabay.com

Milaan stiet bekend as ien fan de smoarchste stêden fan Europa. Foaral fanwegen alle ferkear dat de stêd yn- en útrydt, seit de vice-boargemaster en wethâlder ynfrastruktuer Marco Granelli. Gewoanwei ride der alle dagen 700.000 minsken mei de auto troch de stêd. Dat laat ta files en fersmoarging.

De fynstoflimyt stiet op fyftich mikrodieltsjes de kubike meter lucht, mar der wurdt faak oer dy grins hinne gien. Dêrom besiket it stedsbestjoer al jierren om it autoriden yn de stêd te ûntmoedigjen. De stêd sil de kommende jierren ferboud wurde om minsken mear rinne en fytse te litten. Granelli fertelt dat fan ’t simmer al fytspaden oanlein en fuotpaden ferbrede wurde. Dêr wurdt sa’n 35 kilometer oan diken foar oanpast. Der wurdt ynset op it mear brûken fan fytsen, elektryske scooters en autopeds. Dêr kinne de ynwenners har op in feilige ôfstân mei ferpleatse sûnder it firus te fersprieden.

It stedsbestjoer hopet ek dat it brûken fan it iepenbier ferfier trochgiet, mar dêr is yn in oardelmetermaatskippij minder romte foar. En minsken binne benaud om mei-inoar yn ’e metro of bus te sitten.

april 23, 2020 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.