Mienskip of minsken

april 8, 2020 18:37

Skôging troch Abe de Vries

Foto: pixabay.com

Lêstlyn ha ’k it hân oer it moadeferskynsel ‘ferbining’. Like slim yn ’e moade is it ferskynsel ‘mienskip’. Sûnt it bidbook fan LF2018 is it opmarsjearjen fan dat wurd yn kranten, blêden, op telefyzje en op ynternet net te kearen, ik hoech gjin war te dwaan om dat oan te toanen. Wêr komt it wei en wêrom is it in wurd dat no hast wolris ta kin mei in ûnske minder?

It Frysk brûkt ‘mienskip’ tradisjoneel eins inkeld as part fan it wurd ‘doarpsmienskip’, of as oantsjutting fan ien of oar organisatoarysk ferbân, in klup, in feriening (Jongfryske Mienskip). Yn beide gefallen suggerearret it in foarm fan ienheid: wat ferbynt – dêr hast ’m wer – is belangriker as wat skiedt.

Gjin wûnder dat in kommersjeel barren as LF2018 der swier op ynset hat. Wa wol no net wat út ’e wei sette foar ‘ús allegear’? Wa weaget it om krityk te hawwen op wat optúgd wurdt foar ‘ús allegear’? En de kassa’s rinkelen.

Taalgebrûk kin ferrifeljend wêze. Yndrukken ûntstean litte sûnder dat jo dat dalik yn ’e rekken hawwe. ‘Mienskip’ ferberget it deasimpele feit dat it neat konkreets en oanwiisbers betsjut, sadree’t it feralgemienisearre wurdt. Yn dat gefal wurdt ‘mienskip’ gau in machtswurd, in manipulaasjewurd – ast it net iens bist mei de wurdbrûker, setst dysels bûten it imazjinêre mar dêrom net minder machtige kollektyf-dêr’t-wy-dochs-allegear-ta-hearre. De doelen-dêr’t-wy-allegear-nei-stribje komme dan automatysk op spande foet te stean mei dyn doelen. En do komst bûtenspul te stean.

‘Mienskip’, sa’t it de lêste jierren ynset en brûkt wurdt, is krekt as de freonskip út it bekende liet fan Het Goede Doel út de tachtiger jierren in yllúzje – mar wol in skealike.

Gewoan, natuerlik, net-oerspand, net-ideologysk, net-kultuerkommersjeel fersmoarge taalgebrûk hat it oer ‘de minsken’. ‘De minsken wolle ornaris wêze dêr’t se net binne’, stiet op in plakette op it stasjon yn Ljouwert. Net: de mienskip nimt hjir de trein. Jo begjinne jo taspraak of iepeningswurdsje net mei: ‘Bêste mienskip’. Jo sizze: ‘Bêste minsken’. De iennichste kollektive eigenskip dêr’t dan nei ferwiisd wurdt, neist de bêstens, is it minsk-wêzen fan lêzer, sjugger of taharker. Dy’t dermei bedoeld wurde, kinne wol tafallich allegear Friezen wêze, of allegear lid fan de geitefok, mar dêr seit de oansprekfoarm neat oer.

‘De minsken’ lit my en myn selsbyld yn har wearde – besiket net om my in beskaat ‘ik’ oan te praten en op te kringen wêryn’t ik noch op oare manieren itselde wêze (moatte) soe as oaren. Folle better! Of net?

Partij politisy, organisaasjes, media, stiftingen, ferieningen – der komt gjin ein oan – tinke fan net. Dy hawwe nammentlik net my op it each. Se sprekke my net oan as yndividu, mei syn eigen eigenaardichheden en mieningen en healwize bûtenslaggen. Nee, dy klups wolle in lyts stikje fan my misbrûke – amputearje – foar har eigen foardiel. Om der goede sier mei te meitsjen, om mear subsydzjejild los te krijen, om oarstinkenden de bek te binen. Myn Frysk wêzen, dêr giet it dan meastal om. Of ek wol: myn ynwenner-wêzen fan de Provinsje Fryslân. Myn ‘foar ús allegear’ wêzen, sis mar – mar dan wol sa’t sy it hawwe wolle.

‘Ik wol wat foar de mienskip betsjutte’, hearde ik okkerdeis in kollega sizzen. Foar dy kollega skriuw ik dit stikje. Ik ha net frege wat oft de kollega mei ‘de mienskip’ krekt bedoelde, mar dat sil wol sokssawat as ‘elkenien’ west hawwe. Sis dan tenei gewoan: ik wol wat foar de minsken betsjutte.

Dizze skôging stiet ek op https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com

 

april 8, 2020 18:37
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman april 9, 11:13

    Nijsgjirrige skôging fan Abe. Mar hy ûnderskat dochs in bytsje de krêft, dy’t fan it idee ‘mienskip’ útgean kin. Ik wol it útlizze oan de hân fan it begryp ‘sosjalisme’. Der bestie(t) by de oanhingers fan it sosjalisme in idee, dat der in firtuele mienskip bestiet fan minsken (‘de arbeidersklasse’) dêr’t jo jo ynspiraasje foar jo (politike) stribjen oan ûntliene. Jo wolle stride foar it sosjale, dus sjogge jo josels as sosjalist. Fansels: it is nea mooglik om elk lid fan dy ‘arbeidersklasse’ persoanlik te kennen, dêrfoar is dy ‘arbeidersklasse’ gewoan fiersten te grut. Dochs hat it idee, dat jo stride wolle foar de ‘arbeidersklasse’ in ûnbidich ynspirearjende krêft west, en sa kin it noch wêze, sadanich dat minsken der sels har libben foar oer hienen (en hawwe). Dat wie (is) ek mei it kommunisme sa, en ek it liberalisme yn ferset tsjin ûnderdrukkende struktueren. Dat sosjalistysk of kommunistyske ‘mienskips-isme’ likegoed op harren sels wer ûnderdrukkend wurde kinne, witte wy ek. Mar it ûntkennen fan de maatskiplike (en dus minsklike) foarútgong dy’t se brocht hawwe, is ek net mooglik, want dat hawwe se ek brocht. No tink ik, dat Abe mear it each hat op it Fryske ‘mienskips-isme’ en wy witte ek dat hy dat ôfwiist. Dat hat yn de hiele diskusje op Sis Tsiis en de Blokkearfriezen hinne wol bliken dien. Hy doelt dan benammen op it Fryske nasjonalisme. Mar nasjonalisme (ek it Fryske) kin likegoed in krêft wêze dy’t ‘progressyf’ is, yn de sin fan dat it de minsklike foarútgong befoarderet. En dan net yn it foarste plak ‘foarútgong’ yn de betjutting fan hieltiten mear technyske ferwurvenheden, mar mentale foarútgong, nei in sitewaasje fan begryp tusken de folken, mar mei behâld fan jo eigen taal en tradysjes.

  2. Abe april 9, 16:40

    Goeie Kerst, tank foar dyn reaksje. Nasjonalisme is der yn soarten en mjitten en dat is ek sa mei dy oare -ismen, mar myn punt is leau ‘k wat oars. As de -ismen har oan my presintearje, dan wit ik dalik wol yn watfoar ramt ik de presintaasje sjen moat, ik wurd net ferrifele, ik krij wat ik ferwachtsje. Iennichste útsûndering: it mienskip-isme. Hast dat him foardocht, moat ik oppasse. Wêrom dat sa is, haw ik útlein en dêrby haw ik net ferwiisd nei SisTsiis of de Blokkearfriezen, want dy snap ik wol cq. dy haw ik wol sketten. It giet my om in folle breder ferskynsel – hoe kin taalkrityk maatskiplik relevant wêze?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.