Meditaasje nei oanlieding fan Lukas 24: 13-35
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is? 2
Meditaasje nei oanlieding fan Lukas 24: 13-35

boarne: Wikimedia Commons
Peaske is de oerwinning fan Kristus en it krús waard it symboal fan Peaske. Sa waard it krús in oerwinningsteken. In wûndere gong fan saken. Hoe kin in eksekúsjemiddel, in martelersynstrumint, dêr ea foar brûkt wurde? Wat soene wy derfan sizze, in tsjerke mei in galge op it alter, of in elektryske stoel?
It is net nuver dat de Emmaüsgongers der neat fan begriepen. De Skriften prate ommers, ja jonge, aloan fan ’e oerwinning fan de Messias op hiel oare wize. Folken sil er rjochtsje, koppen tepletterje op it wide fjild. Hoe kin dy Messias oan in krús te finen wêze? Sels nei syn ferrizenis sil Jezus de fragen noch krije: ‘Dat keninkryk, Heare, witte Jo noch wol’?
De oerwinning fan Jezus hoege wy nei Peaske net mear oan te twiveljen. Dat dogge de learlingen ek net, sels Tomas net. Mar hoe moat it fierder, nei in oerwinning? By minsken is it gewoan, dat nei de lêste slach it earste sied struid wurdt foar de folgjende oarloch. In benearjend gegeven. In triomfator wol faak te folle koppen tepletterje en syn deaden hawwe neibesteanden dy’t net ferjitte. Nei de oerwinning komt it der pas echt op oan.

Caravaggio, De Emmaüsgongers
De Messias hat dus noch wurk nei syn ferrizenis. Nei syn ferrizenis kin Jezus daliks net nei syn Heit ta. No pas kin it Evangeelje yn foarm smeid wurde yn ’e herten fan ’e learlingen. No pas begjinne se te begripen wat syn wurden altyd betsjutten. Dit is de tiid dat de nije wet op skrift steld wurde kin. Geane de poarten iepen fan ’e tsjerke, skoalle foar frede.
Liuwe H. Westra
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje