Meditaasje nei oanlieding fan Lukas 24: 1-12

april 12, 2020 10:00

Meditaasje nei oanlieding fan Lukas 24: 1-12

Fra Angelico, Opstanning fan Kristus

Peaske is it feest fan ús identiteit as kristenminsken. Dêrom binne wy gjin joaden, dêrom binne wy gjin moslims. Omdat de tsjerke it ferhaal fan it peaske-evangeelje heard hat, en dêrmei begûn is te libjen. Elkenien fynt Jezus in goeie man. Elkenien wol Him wol in profeet neame. Syn berte stiet fêst. Syn stjerren ek, krekt as by alle minsken, mar syn ferrizenis – dy makket it ferskil. Jezus syn ferrizenis hat foar ús fan Peaske in oar feest makke, en fan ús oare minsken. Us leauwe stiet of falt mei Peaske.

Der sitte in hiel protte kanten oan ús leauwe. De iene hat mear mei de lieten, de oare mei de Bibel, nûmer trije mei de mienskip, nûmer fjouwer mei it tsjerkegebou. Mar wat hawwe dy allegearre mienskiplik? Wat hâldt it leauwen geande, yn hokker foarm ek?

It giet der net om dat wy leauwe dat it sa bard is, of krekt in bytsje oars. It giet der sels net om dat wy leauwe dat it letterlik sa bard is of dat it ferhaal nei ôfrin betocht is om út te drukken wêr’t it yn ’e tsjerke om giet. Ik leau dat it sa, of sa sawat, bard is – mar dy diskusje is in fal, dêr moatte wy net yn traapje. Want it leauwe giet net oer skiednis, it leauwe giet oer ússels. Minsken dy’t troch it peaskeferhaal fan Jezus rekke binne, binne feroare. Dy hawwe in besef krige, in ynstelling, in hâlden en dragen, dat hawwe se sels net betocht. Dat is ús oansein, en dat hawwe wy oannommen. En wat is dat?

Neffens my kinne wy it leauwe fan Peaske yn ien wurd fange mei ‘ferwachting’. Dat assosjearje wy fansels foaral mei Advint en ek wol mei Kryst. Mei Pinkster, omdat wy de hillige Geast ferwachtsje. Mar ek Peaske is ferwachting, en miskien noch wol de grutste.

Elkenien wit wat by Peaske heart: aaien. Dat is fansels de tiid fan ’e maitiid, de tiid dat aaien it earste iten wie dat de natoer wer opjoech. As jo hjoed-de-dei by fersin in eine-aai of in ljipaai lizzen sjogge en jo meitsje efkes in foto foar Facebook, binne jo suver in krimineel. Mar foarhinne setten jo dat aai net op ’e foto, jo namen it mei. It wie it earste iten dat de natoer jin wer joech nei in lange en soms skrale winter.

Mar dat aai hat ek altyd in gelovige betsjutting hân. Dat aai is it grêf, seit de tsjerke. It is hurd as in rots fan bûten. En binnenyn libbet it. It aai giet iepen op peaskemoarn. En wat deryn siet, giet der noait wer yn werom. Sjogge jo in pear aaidoppen lizzen aansen, dan witte jo ien ding: de pyk is op in oar plak. Miskien opfretten troch de âldroeken. Mar as it goed is, útkommen en op in feilich plak by de mem. In leech aai is in teken fan libben – libben dat oars earne is. Jo kinne dat lege aai meinimme, ûnder in mikroskoop lizze, alle soarten ûndersyk derop loslitte – mar jo fine it libben net. Dat is dêr net mear, dat is op in oar plak.

Sa’n aai is it grêf fan Jezus. Iepenbrutsen. En Hy is op in oar plak. Dat grêf is net dy iene rotshoale, dat iene lêste keammerke. Dat grêf is dizze hiele wrâld. Want fansels, wy wurde hjir of oars earne aansten teplak lein, hoopje wy. Of wy litte ús kremearje. Mar lang om let wurde wy opnommen yn ’e ierde, de see en de loft. Alles wat wy wiene, giet wer nei de skepping werom. En dat is it foarlân fan ús allegearre.

Dat makket minsken soms wanhopich, of bang, of ûnferskillich. By eintsjebeslút is alle libben sinleas, alles giet werom nei de ierde. Us paken en oerpaken binne miskien noch resten fan te finen, en wy kinne har nammen noch en soms de gesichten. De stagen dêrfoar binne letterlik stof: wy kinne se net mear ûnderskiede, se binne diel fan ’e ierde dêr’t wy út wei kommen binne, mar harren ferhalen, har emoasjes, har libjen en stribjen – it is allegear fuort. Wy binne allegear oan ’e ierde fêstbûn: dêr komme wy út, en dêr geane wy hinne. Oer twahûndert jier binne wy allegear fergetten, en is der gjin kromke fan ús lichem mear werom te finen. Mar wy binne der allegear noch, as stof en jiske dat ivich diel bliuwt fan dizze wrâld. Dat is de ierde, en dat is ús grêf.

Mar ús leauwe seit, Peaske seit, dat Jezus syn takomst ús takomst wurdt. En dat is it ûngelooflike, wat net te befetsjen is. Jezus is hjir net mear. Dat betsjut dat lege grêf: Hy is net wer troch de ierde opnommen, Hy is werklik út dat grêf, en út ’e hiele ierde wei riisd. Syn grêf is iepenbrutsen, dat betsjut: de hiele ierde is iepenbrutsen – as in aai. En Jezus libbet: nij, rom, op in ûnfoarstelbere manier salang’t jo oan ’e binnenkant fan dat aai sitte.

En wy sitte oan ’e binnenkant fan dat aai. En wy witte net better, as dêr moatte wy altyd bliuwe, yn ús libben en nei ús dea. En dat is de ferwachting fan Peaske: dat wy in oare takomst hawwe, bûten dat aai, bûten dat grêf, bûten de grinzen fan dizze ierde – mei syn freugde, mar ek mei syn fertriet en syn ellinde en syn tekoartkommingen.

En dat makket fan ús oare minsken. Alle kearen dat wy de ellinde en de eangst en de sykte en it fertriet fan dizze wrâld om ús hinne fiele – en wy fernimme en wy witte dat it ús net slagje sil om dêr los fan te kommen – dan meie wy ferwachtsje dat God ús dêrfan losmeitsje sil. Hy lit ús der net yn opgean, der net definityf yn weisinke, oant der neat mear fan ús werom te finen is. Hy ropt ús derút, sa’t er Jezus út it grêf weiroppen hat.

Dat is ús ferwachting en neffens my is dat de kearn fan ús geloof. De ierde feroaret der net fan. Us aard feroaret der net fan. De minsken bliuwe itselde, en wy bliuwe itselde. Is dan alles itselde? Nee: ús ferwachting is net mear itselde.

En as wy de wrâld om ús hinne sjogge, as wy it stof en de ierde sjogge dy’t al miljoenen jierren net feroarje, as it ús beset dat it minskdom net oan pine en oarloch en lijen en ellinde ûntkomme kin – dan witte wy dat dat allegear in lege aaidop is, in iepenbrutsen grêf. Dat it libben op in oar plak is. Dat Jezus dêr is. En dat wy dêr komme.

Liuwe H. Westra

Moarnier wurdt wer in meditaasje publisearre.
april 12, 2020 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.