Meditaasje nei oanlieding fan Johannes 20: 1-18

april 12, 2020 06:00 Fernijd

Meditaasje nei oanlieding fan Johannes 20: 1-18 (Peaskemoarn betiid)

boarne: https://www.ljlingen.nl/preken (mei tastimming)

Yn ús peaskewacht hawwe wy mei-inoar werklik de nacht trochmakke. De nacht is neat om bang fan te wêzen, diel fan ’e skepping. Nei elke nacht komt wer in dei.

Mar it kin ek oars. Wy witte allegear fan minsken, foar wa’t it nacht wurden is en dy giet net wer fuort. De nacht kin ek komme yn ’e foarm fan sykte of pine, kjeld of illinde, ljocht dat ferdwynt en net wer weromkomt.

Nacht wie it foar Israel yn Egypte, en nacht wie it foar Noäch yn ’e arke. Nacht wie it foar Abraham en Sara yn harren lân, doe’t se murken dat se gjin bern krije koene. Foar it folk fan Juda yn ballingskip, foar de freonen fan Daniël wie it nacht yn ’e wrede frjemdte. Nacht wie it foar Jona yn ’e grutte fisk, en foar de profeet Ezechiël doe’t er al syn bruorren en susters as skrinkels yn it drûge sân lizzen seach.

De Bibel fertelt ús dat ek dy nachten in ein krije. Troch it yngripen fan net ien minder as God sels. God is de God dy’t in ein makket oan ’e nacht. Dêr lit Er ús alle dagen wer in teken fan sjen yn it grutte ljocht dat oer ús opkomt. Dat hat Er foar altyd wiermakke yn ’e nacht dat Kristus ferriisde. Nei dy iene nacht is gjin nacht mear itselde.

Liuwe H. Westra

Hjoed letter wurdt in twadde meditaasje publisearre.
april 12, 2020 06:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.