Martsje de Jong: De oare kant fan de oardelmetermaatregel

april 10, 2020 21:55

Foto: Bruno Keizer

Justermiddei foar it earst sels de triennen yn ‘e eagen om dat rotfirus. Ik kaam by de winkel yn Sint-Anne en dêr stiet in frommeske by de winkelweinen, aardich yn it fermidden. Bytsje âlder as iksels, skat ik sa yn, dat ik nim oan dat se dêr stiet om winkelkarkes te himmeljen en oan te jaan. Ik rin derhinne, gjin aksje. Ik sjoch har freegjend oan, wol net troch de regels wâdzje en stean al aardich tichtby. Se sjocht werom, bliuwt stean wêr’t se stiet en seit ‘pak mar ien hear’. Om my hinne dogge minsken dat ek, se gean hast eangstich fanwege de ôfstân, dy’t ûnmooglik op de fereaske oardel meter komme kin, by har lâns, gesicht ôfdraaid (stjerrendewier), pakke in karke, himmelje dat en meitsje dat se fuortkomme.

It frommeske bliuwt stean en ik ek, want ik begryp net wêrom’t se dêr stean bliuwt. Dan realisearje ik my dat se justjes hinne en wer wevet en har stiif beethâldt tusken de stangen dy’t de rigen karkes skiede. Se sjocht myn eagen gean en seit: ‘ja, ik gean hjir sa wei’. En dan, nei in koart skoftsje: ‘as it slagget.’
‘No, dat wurdt neffens my net folle,’ antwurdzje ik.
‘Myn fuotten wolle net mear,’ seit se tryst, ‘myn auto stiet hjir foaroan, ik hie hope dat ik dat noch krekt berinne koe, mar it wurdt him net.’
‘Sille wy dan tegearre mar mei myn fuotten dat út?’
Se sjocht my oan, oare klanten ha no wurk om ús foarby, want tegearre blokkearje wy wilens twa fan de trije rigen karkes en se sjogge dus mâl.
‘Durve jou dat,’ seit se, oergeand op har eigen Bildts. ‘Binne jou niet fys van mij? Nou met die Corona?’
Nee, dat bin ik net, har ûnmacht begruttet my ta de teannen út. Ik pak har stiif yn ’e earm en ik wit net hokker ûnmeilydsume rotkwaal dizze jonge frou sa yn ‘e macht hat, mar har fuotten skokke en fleane alle kanten út. Nei har auto is miskien in meter as tsien, fyftjin, mar it moat foar har in maraton wêze. Hiel stadich buorkje wy dat út. Stopje nei elke stap. Se moat alle war dwaan om har fuotten te stjoeren, mar dy rotdingen libje har eigen libben.

Wy komme úteinlik by har auto, dêr’t se harsels ynwrot, oars kin ik it net neame, en dan seit dat se it fierder wol rêdt, dat se nuver genôch wol ride kin. Se is bliid dat se dizze loop rêden hat, skammet har en is frustreard om’t se it sels net koe. Wy nimme ôfskied, en ik fûterje, want salang as wy wurk hân ha, en dat is lang, ha minsken de winkel yn- en útwest en mei in grutte bôge om ús hinne rûn. Hoe lang hat se dêr al sa stien yn ’e hoop dat har fuotten bedarje soene? Om’t wy allegear regearre wurde troch de eangst miskien wol hiel lang. Ik hoopje fan net.

Fannacht betocht ik my ynienen ‘hie se eins wol boadskippen dien, of is se safier net kommen…’

Martsje de Jong

april 10, 2020 21:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.