MartiniPlaza lansearret online talintejacht

april 4, 2020 10:08

Wa’t altyd al op in poadium stean wollen hie, kriget no de kâns! Elkenien dy’t de stjerren fan de himel sjongt of op prachtige wize in ynstrumint bespylje kin, wurdt oproppen mei te dwaan oan de online talintejacht fan MartiniPlaza. De haadpriis is in optreden yn it foarprogramma fan de Edwin Evers Band op sneon 17 oktober.

Ofbylding: MartiniPlaza

Mei de online talintejacht wol MartiniPlaza talint stimulearje om foaral net stil te sitten yn de koroanakrisis. Dêrom wurdt no de online talintejacht organisearre. It is no de tiid om de stimbannen te smarren, hiel hurd te oefenjen en (thús!) in fideo op te nimmen. Elkenien mei in ferske uploade (maks. 2 minuten) yn it Facebook-evenemint fan de talintejacht. Alle sjenres binne wolkom, salang’t it mar dúdlik is dat it nûmer thús opnaam is.

Stimmen sammelje
Op 30 april makket de sjuery besteande út Willem de Kok (direkteur MartiniPlaza), Annerie Knol (programmeur MartiniPlaza Theater) en Karin Noeken (regisseur, artistyk lieder fan Theater de Steeg en bekend fan kabaretformaasje Vrouw Holland) in Top 10 bekend. Dêrnei set de stimomgong útein: de artysten moatte safolle mooglik ‘mei ik wol oers’ sammelje op it troch harren ynstjoerde nûmer. It nûmer mei de measte stimmen wint en wurdt op 15 maaie bekendmakke.

Foarprogramma Edwin Evers Band
De winner stiet op 17 oktober yn it foarprogramma fan de Edwin Evers Band en sjongt syn of har nûmer mei The Originals. De twadde en tredde priis bestean út in VIP-teaterarranzjemint en in Donar Slam-Dunk VIP-arranzjemint. Op de webside fan MartiniPlaza binne alle betingsten foar dielname te finen.

Webside: bit.ly/talentenlacht-mp
Facebook-evenemint: bit.ly/talentenjacht-fb

april 4, 2020 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.