LTO is bang foar te min ûntwikkelingsromte by stikstofoanpak

april 27, 2020 08:49

It kabinet kundiget foar de stikstofympasse in ynvestearring fan mar leafst € 5 miljard oant 2030 oan. In grut part fan dat bedrach is ornearre foar natuerferbettering, in substansjeel part giet nei boeren dy’t frijwillich ophâlde. Mar in beheind part is rjochte op takomst, ynnovaasje en emisjereduksje yn ’e bedriuwsfiering fan boeren. Der komt in protte jild beskikber, de fraach is lykwols hoe effektyf oft dat wêze sil. LTO Nederlân is bang dat mei it pakket net genôch ûntwikkelingsromte foar de takomst kreëarre wurdt.

Foto: Wikipedia/Brian Robert Marshall – lisinsje CC BY-SA 2.0

LTO Nederlân is foarstanner fan belied dat rjocht docht oan boeren en túnkers mei takomstperspektyf, de saneamde ‘bliuwers’. Dat betsjut in foarkar foar ynnovaasje boppe frijwillige útkeap. Benammen mei’t yn relaasje ta de stikstofympasse it foar sa’n € 1,3 miljard opkeapjen fan feehâlders folle minder effektyf is as wannear’t inselde bedrach yn it noch fierder ferbetterjen fan de bedriuwsfiering fia ynnovaasjes, management en ynvestearrings stutsen wurde soe. Boppedat wurdt troch it ôfnimmen fan net benutte stikstofromte – dat wol sizze it ferskil tusken gunde en realisearre kapasiteit – it ûntwikkelperspektyf al op foarhân weinaam. Dat is foar LTO Nederlân ûnakseptabel. De organisaasje sil helpe om dêrop in juridyske proseduere te starten.

Probleemdossier
It stikstofdossier hat grutte gefolgen foar Nederlân. Nei de útspraak fan de Steatsrie op 29 maaie ferline jier kaam de lânbousektor yn ûnwissigens. Om sa gau mooglik út de ympasse te kommen hat LTO Nederlân foarich jier simmer trije oplossingsrjochtingen oanbean by de kommisje-Remkes. Nei publikaasje fan it rapport waarden sân spearpunten formulearre oer ûnder oare drompelwearde, ekstern saldearjen en skotten. Grutte bedrigings foar de takomst fan in sûne sektor, lykas de feehâlderij troch de helte en in ekstra fergunningsplicht foar de kij yn ’e greide, binne ôfkeard. Yn ’e mande mei oare partijen yn it Lânboukollektyf waard in plan mei oplossingsrjochtingen foarsteld. De ûnderhannelingen ferrûnen fan it begjin ôf al dreech, en foaral de lêste moannen like der net folle romte te wêzen foar stappen. It kabinet hat sûnt ôfrûne hjerst foaral eardere tasizzings fierder ynfolle, mei beheind nij konkreet resultaat.

It Keamerbrief fan ôfrûne freed lit sjen hokker karren it kabinet makket. De útwurking fan it stikstofdossier sil de kommende jierren foaral yn ’e regio’s barre: yn provinsjaal belied binnen de lanlik fêststelde ramten en de gebietsprosessen.

Lês ek ús lêste berjochten oer de stikstofproblematyk:
www.itnijs.frl/2020/04/oerisel-hanthavenet-net-tsjin-boeren-dyt-pas-melding-diene
www.itnijs.frl/2019/10/stikstofbelied-en-fertiizjend-taalgebruk

april 27, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.