Libje yn koroanatiid

april 19, 2020 07:00

Meditaasje

‘Want ik bin der fan oertsjûge, dat noch dea, noch libben, noch ingelen, noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed, noch takomst, noch oare machten, noch hichte, noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea ús skiede kin fan Gods leafde yn Kristus Jezus, ús Hear.’ (Romeinen 8:38,39)

Krús mei blommen, foar de Martinytsjerke yn Boalsert, Peaskesnein 12 april 2020

It wie in prachtich oekumenysk inisjatyf: it opsetten fan in krús yn de Stille Wike yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Frywilligers soene de wacht hâlde en de minsken koene der ien foar ien by lânsrinne om blommen te lizzen by it krús of dêrop oan te bringen. Wa’t dat woe, koe dêr noch in kearske by oanstekke. De tsjerken wiene it oer dy mienskiplike aksje iens, mar it koe spitich genôch net trochgean. De plysje wie fan betinken dat der, nettsjinsteande alle goede bedoelingen, te folle risiko’s oan fêst sieten. Se hiene gelyk. Te folle minsken tagelyk soene útnûge wurde om by it krús lâns te gean en dat is no ienkear net tastien yn dizze koroanatiid.

De inisjatyfnimmers hawwe doe besletten om it krús by de Martinytsjerke te setten. Dat joech gjin inkeld probleem. It krús waard delset en yn de dagen dy’t dêrop folgen troch gemeenteleden fersierd mei blommen. Oaren kamen op eigen gelegenheid en seagen hoe’t it krús as in stille tsjûge syn wurk die. Op Earste Peaskedei siet it fol mei bloeiende blommen.

It is in drege, ûnwisse tiid dêr’t wy ús yn befine. It fielt soms as libje wy tusken de tiden. Yn in moanne tiid is alles oars wurden. In ûnbekend firus hat wrâldwiid syn ferskriklike wurk dien en wy hawwe der foarearst gjin antwurd op. We moatte wachtsje oant der in faksin fûn is en dat kin lang duorje. Thús bliuwe is wat no fan ús frege wurdt en de measten hâlde har dêr gelokkich oan. Op de telefyzje en radio fernimme we hoefolle slachtoffers oft it firus elke dei makket. It makket gjin ûnderskied, elkenien kin der troch besmet wurde. Dochs binne it foaral de kwetsbere en earme minsken dy’t as earsten troffen wurde. Minsken heech op jierren, dy’t ek oare ûnderlizzende problemen hawwe, minsken yn de ferpleechhuzen. Of it binne, earme minsken dy’t wenje yn efterstânssituaasjes, lykas yn New York. Dy kwetsberen binne de earste slachtoffers. Oan de oare kant binne der de helpers dy’t grutte risiko’s rinne en soms besmet wurde: dokters, ferpleechkundigen, soarchmeiwurkers en safolle oaren dy’t har ynsette. Sy binne de helden fan dizze tiid. Sy komme fanwegen om minsken by te stean, wylst se sels ek siik wurde kinne.

Wat docht dat allegear mei ús? It wurk leit foar in soad minsken stil. Opmerklik is, hoefolle jild oft der no frijmakke wurde kin om minsken te helpen. Dat docht goed, teminsten foar in tiid. Mar hoe’t it fierder komt, witte we net. Guon minsken sitte dêr tige oer yn noed. Oan de oare kant is krekt dizze tiid ek in tiid om nei te tinken en ta rêst te kommen, nei te tinken oer wêzentlike saken, stil te stean by it wûnder fan it libben, de natuer, de blommen dy’t iepengean, de lysters dy’t sa moai sjonge kinne, de lammen dy’t sa fleurich omspringe yn it lân. Wat is it prachtich om te fernimmen hoe’t krekt yn dizze tiid de mienskipssin groeit. Minsken libje net allinne foar harsels, mar hawwe omtinken foarinoar, stjoere in kaartsje, of belje inoar op. It is te hoopjen dat we ek as dizze tiid foarby is, trochgean mei dat omtinken en dy solidariteit. It binne de dingen fan wearde dy’t derta dogge en dy’t bliuwe sa’t de apostel Paulus seit: leauwe, hope en leafde; mar de grutste dêrfan is de leafde (1 Korintiërs 13:13).

It goede nijs fan it evangeelje kinne we yn dizze koroanatiid net as oars mei-inoar fiere, mar we kinne it wol útdrage. Krekt yn dizze tiid, dêr’t we op ússels yn weromsmiten wurde, komt it derop oan, om derfoar te kiezen. De nijsberjochten op de telefyzje en yn de krante binne faak net sa posityf: berjochten oer ellinde en ferdjer, twaspjolt en egoïsme, opnij safolle deaden. Mar we sjogge en hearre no ek de ferhalen fan leafde en tawijing, fan minsken dy’t ominoar tinke en der op bysûndere wize foarinoar binne. De leafde dy’t we fan God krije, is de leafde dy’t oerwint. Dat is ek it ferhaal fan Peaske. Alles giet foarby, mar de leafde bliuwt en de leafde oerwint. De leafde stiet op yn minsken.

Dizze leafde is by ús kommen troch Jezus Kristus, dy’t syn libben foar ús jûn hat, dy’t opstie út de deaden en yn syn Geast by ús is, alle dagen. “Neat sil ús fan dy leafde skiede”, seit de apostel. Yn de benearing fan dizze tiid hâldt God ús yn syn leafde fêst en jout Hy ús moed en fertrouwen, om fol te hâlden en oaren by te stean.

Gerrit Groeneveld, Boalsert

april 19, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.