Koroanatiden: wêr binne it Katalaansk, Frysk en Iersk?
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2
De Rie fan Europa en de organisaasje foar feiligens en gearwurking yn Europa (OESO) hawwe krityk jûn op it ûntbrekken fan ynformaasje yn minderheidstalen yn de oerheidsfoarljochting oer koroana yn ferskate lannen. Yn de Spaanske dielsteat Falensia hat taalbewegingsorganisaasje Plataforma per la Llengua fan de oerheid easke dat dy ynformaasje ek yn it Katalaanske oanbiedt. Benammen yn de eastlike helte fan ‘e dielsteat prate in soad minsken Katalaansk.
Neffens Manuel Carceller fan Plataforma per la Llengua lit Falensia it Katalaansk sloere. Hy seit: “As offisjele taal moat de oerheid it brûke as der in gefaar foar de sûnens bestiet, dat stiet yn de wet.”
Yn Nederlân brûkt it RIVM foar de foarljochting oer koroana it Nederlânsk en it Ingelsk op syn webstee, wylst it Ingelsk gjin offisjele Rykstaal is. It wol offisjele Frysk ûntbrekt der. Op it webstee fan it Nederlânske ministearje foar folkssûnens is de ynformaasje benammen Nederlânsktalich, mei in pear stikken yn it Ingelsk. Oare talen ûntbrekke der.
Omrop Fryslân makket wakker reklame foar de Nederlânsktalige ferzje fan syn fierder wol Frysktalich webstee, mei ynformaasje oer koroana. It medium dat yn prinsipe de lytse taal brûkt, past him dus oan, mar media dy’t yn prinsipe it gruttere Nederlânsk brûke, geane der net ta oer om ek ynformaasje yn it Frysk oan te bieden.
Yn Noard-Ierlân ûntstie in diskusje tusken de amtnerij fan de provinsje Mid-Ulster en ferskate fraksjes, nei’t dy sjoen hiene dat in amtner Ingelsktalige strjitnammebuorden troch twatalige (Ingelsk/Iersk) oan it ferfangen wie. Neffens de folksfertsjintwurdigers hiene de amtners no wol wat wichtigers te dwaan. It bestjoer fan Mid-Ulster wie it dêr net mei iens: it pleatsen fan de buorden wie in demokratysk beslút en gie dêrom gewoan troch. De meiwurkers dy’t se ophongen, soene foldwaande distânsje hâlde ta oaren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje