Koroanamaatregels binne yllegaal

april 24, 2020 17:07

De maatregels dy’t de ferskate oerheden nimme om fersprieding fan it koroanafirus te kearen, binne yllegaal. Dat sizze de heechleararen steatsrjocht Jan Brouwer (Ryksuniversiteit Grins) en Jon Schilder (Frije Universiteit).

Schilder wiist derop dat de needferoarderings dy’t brûkt wurde om in ein te meitsjen oan feestjes of demonstraasjes yn striid binne mei de Nederlânske wet. Needferoarderings binne tastien op grûn fan de gemeentewet, mar dy seit dat grûnwetlike rjochten der net troch beheind wurde meie. Schilder: “Met het binnentreden van woningen en bedrijfsgebouwen worden het fundamentele recht op privacy en het huisrecht geschonden.”

Neffens Brouwer mei soks allinnich as der sprake is van “acuut en direct levensgevaar”. Dêr is op it stuit neffens him gjin sprake fan. De wittenskippers wize der ek op dat in boargemaster demonstraasjes en tsjerketsjinsten yn ‘e iepen loft net ferbiede mei as de demonstranten mar op oardel meter ôfstân faninoar bliuwe.

april 24, 2020 17:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.