Kommissaris Brok sprekt Fryslân ta yn ekstra Steategearkomste

april 10, 2020 15:50

Nije wike woansdei, 15 april, is der in ekstra gearkomste fan Provinsjale Steaten om te fieren dat Fryslân 75 jier ferlyn befrijd waard. Kommissaris van de Kening drs. Arno Brok hâldt dêrby in taspraak foar de Fryske befolking. De gearkomste wurdt ynklusyf taspraak streekrjocht útstjoerd op telefyzje en online by Omrop Fryslân.

Kommissaris drs. Arno Brok: “It is belangryk om by dizze dei stil te stean. Frijheid is in grut goed en wurdich om te fieren en te betinken. Ek yn dizze tiden dat minsken noed hawwe oer koroana. Mei-inoar dizze dei fiere ferbynt, jout krêft en treast. Wy meie op de 15e dêrom ek de flagge úthingje yn ús provinsje. Ik sil dêr yn myn taspraak ek op yngean.”

It wie de bedoeling om de Fryske Befrijingsdei grut te fieren. Troch de koroanakrisis kin dat net. De minister fan Ynlânske Saken hie oankundige om te kommen, ambassadeurs, feteranen en de leden fan Provinsjale Steaten. Yn stee dêrfan is der no in koarte gearkomste dy’t de leden fan Provinsjale Steaten digitaal, dus op ôfstân, bywenje sille.

Live te folgjen by Omrop Fryslân
De Steategearkomste is woansdei 15 april fan 09.55 oere ôf streekrjocht te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei dêryn de gearkomste, de taspraak fan de kommissaris en twa muzikale bydragen fan Elske DeWall.

april 10, 2020 15:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.