Ko yn ’e greide bliuwt fergunningfrij

april 18, 2020 09:45

Boeren dy’t harren kij weidzje litte hawwe dêr gjin aparte fergunning foar nedich. Dat hawwe alle provinsjes freed 16 april bekrêftige. Ek provinsje Fryslân is fan betinken dat it weidzjen fan fee in gewoan ûnderdiel fan it boerebedriuw is en dat it weidzjen al ûnderdiel fan de fergunning foar stâlemisjes is.

Foto: Provinsje Fryslân

Gewoan ûnderdiel fan de bedriuwsfiering
It weidzjen fan kij is al sûnt lange tiid in gewoan ûnderdiel fan de bedriuwsfiering yn de feehâlderij. It is goed foar it bistewolwêzen en ûnderdiel fan it Fryske lânskip en de Fryske kultuer. Ek yn termen fan stikstofemisje geunstiger as it folslein op stâl hâlden fan it fee, omdat dan miich en stront trochinoar reitsje. Yn dat proses komt der stikstof frij.

Deputearre Klaas Fokkinga (FNP): “Yn Fryslân is it ûntinkber dat boeren foar it weidzjen fan kij in fergunning oanfreegje moatte soene. In ko yn de greide is de gewoanste saak fan de wrâld en dat moat ek sa bliuwe. It is goed dat wy as provinsje dit beslút nommen hawwe.”

Hoe giet it yn syn wurken?
De minister en de provinsjes redenearje dat boeren yn harren stâlfergunning al in fergunning hawwe foar it hâlden fan harren bisten, ynklusyf de útstjit dy’t dêr frij by komt. Yn oerienstimming mei it advys fan de Commissie Remkes stelle de provinsjes har op it stânpunt dat it weidzjen dêrtroch net liede kin ta mear útstjit as al yn de stâlfergunning beoardiele is. In aparte fergunning neffens de Wet Natuurbescherming foar it weidzjen soe dan ek dûbeld wêze. Rinnende en nije fergunningoanfragen foar stâlen wurde troch de provinsjes allinne beoardiele op de útstjit dy’t út de stâlen frijkomt. Hanthaveningsfersiken dy’t by de provinsjes ynkommen binne, omdat der ûndúdlikens oer de regels oangeande it weidzjen wie, sille troch de provinsjes ôfwiisd wurde.

Toetse oan de praktyk
Fan no ôf wurkje provinsjes yn it hiele lân neffens dizze ôfspraken oer it weidzjen. Hanthaveningsfersiken sille de provinsjes op basis dêrfan ôfwize. It is oan de rjochter oft de hantearre oanpak foldocht of dat dy oanpast wurde moat.

april 18, 2020 09:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - april 18, 18:04

    ‘Toetse’ oan de praktijk. Wêr is it wurd ‘hifkje’ bedarre? Of is dat wat oars?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.