Jongereinleden fuotbalferiening Easterlittens krije oefenbal kado
Resint ferskynd
Troch de koroanamaatregels is de jongerein oan hûs bûn. Om alle jongereinleden fan fuotbalferiening Easterlittens op te medigjen, hat de feriening foar elkenien in oefenbal regele, want just yn dizze tiden is fit bliuwe fan grut belang. Dêrom hat sponsor Accent Automatisering út Snits in lytse 200 ballen beskikber steld.
“Mei’t it foar de jongerein swier is om kontakten op skoalle en by de klup misse te moatten, wolle wy harren sa opmoedigje”, seit Wim Behage fan Accent. “Accent draacht de jongerein in waarm hert ta en stipet de klup al jierren. Wy kieze bewust foar sport-, keunst- en kultuersponsoring en dan yn it bysûnder de jongerein. Wy hoopje dat de oefenballen deroan bydrage dat de klupleden lekker yn beweging bliuwe en ek trochgean mei it trenen fan de balfeardigens.”
Fuotbalferiening Easterlittens lit witte tige bliid te wêzen mei de stipe fan sponsor Accent en winsket de spilers in protte (oefen)wille.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje