Jan Willem Zwart: Muzyktsjoenderij

april 4, 2020 20:00

Kollum

André van Duin; boarne Wikimedia Commons.

Doe’t DWDD, it deistich telefyzjeprogramma op NPO 1, der sawat mei ophâlde soe, kaam André van Duin noch ien kear del. Hy fertelde oer de dea fan syn partner. It waard stiller en stiller en al hielendal doe’t André van Duin begûn te sjongen, La Bohème fan Charles Aznavour. Matthijs van Nieuwkerk wie sichtber oandien. De muzyk die wat mei him en de sjoggers. Der wie echte emoasje.

It is stil op ’e dyk. It koroanafirus hat ús hiele libben yn ’e hân. Alle dagen is der wer nijs oer it firus dat ús yn ’e tange hat. Fiif nije besmettingen, twa deadlike slachtoffers en mear sa. Yn de lannen om ús hinne is de hiele boel op slot set. In lockdown. It doel is om alle foarmen fan besmetting tsjin te gean. Misken libje yn in sosjaal isolemint. It is dan ek oandwaanlik om te sjen dat minsken kontakt mei-inoar sykje troch it meitsjen fan muzyk.

Op de balkonnen, efter glêzen en net te ferjitten op de radio. ‘You’re never walk alone’. Hiele orkesten wurde der spontaan oprjochte yn in efterôfflatwenning yn Rome. Trompet, akkordeon, pandeksels en sjonge. Der is kontakt. Echt kontakt. It liket dat de muzyk de minsken enerzjy jout om troch te setten. It jout bining en erkenning. You’re never walk allone is no foar altyd bûn oan covid-19.

It liket wol muzyktsjoenderij. Muzyk jout enerzjy, bynt en rekket. It hellet ús der trochhinne. Op de ien of oare wize komt muzyk oars ta ús en op plakken yn de harsens dêr’t it opslein wurdt. Alde minsken dy’t wat út de tiid rekke binne troch Alzheimer, sjonge bygelyks faaks samar âlde skoalferskes of psalmen mei. It is moai te sjen dat muzyk de stimming yn in ferpleechhûs werklik feroarje kin. Hiele ôfdielingen sjonge it Aldershûs of de Wâldsang mei.

Mar ek as men noch wol hielendal yn de tiid is, bringt muzyk jin samar by in beskaat jier of bysûnder barren. Muzyk is sa’n djippe emoasje dy’t liket op de emoasje en it belibbjen fan rûken. In rook bringt jin ek samar werom nei eartiids of in heugenis. Farsk meand gers bygelyks. Muzyk hat wat mear mei it gefoel fan tegearre en mei-inoar. Dat iene ferske dat by it trouwen of in oar bysûnder momint draaid waard. It liket wol tsjoenderij. Der binne minsken dy’t harren fak fan muzyk makke hawwe en muzyk ynsette om sa minken dy’t in harsenynfarkt hân hawwe en dêrom net mear prate kinne, wer prate te litten. Muzyk is sa wichtich yn dizze tiiden, muzyk rekket, bynt en bringt ús by ús eigen djippere emoasjes. It is ‘muzyktsjoenderij’! Lit de muzyk ús bine en foaral ferbine, om ús sa troch dizze kisis te heljen.

 

april 4, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga april 6, 14:52

    It is stil op ’e dyk. It koroana-firus hat ús hiele libben yn ’e hân, skriuwt Jan Willem Zwart.
    No, hjir wie it juster sneintemiddei drok op ‘e Âldebiltdyk yn ‘e Westhoek. It wiene allegearre fytsers, motors, brommers en auto’s. Auto’s mei it dak iepen, tichteby de oare minsken. Ik hie in buorden del setten, 30 en “BLIJF THUIS”. De oare kear de plysje freegje, dat sy der ek wat oan dwaan kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.