Itensiede foar 800 flechtlingen yn Grikelân
Resint ferskynd
Doe’t Caroline Sandberg fan Ljouwert hast trije wike lyn har bedriuw TikaFood slute moast fanwege de maatregels om fersprieding fan it koroanafirus foar te kommen, besleat se fuortdaliks nei har dochter yn Grikelân te gean, om dêr iten te sieden foar de stifting foodKIND.
Caroline, har dochter Zoï en trije oare minsken koaitsje út namme fan dy partikuliere stifting foar goed achthûndert flechtlingen út it kamp Malakasa op it fêstelân fan Grikelân. Dy krije fiif dagen yn ’e wike in sûn fegetarysk miel mei in farske salade.
Besjoch in filmke:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje