It Nijs komt mei in soap

april 26, 2020 12:01

No’t troch de koroanakrisis nimmen nei in skouboarch kin en iepenloftspullen ôfsein binne, moatte der húslike alternativen komme. Films en dramarigen genôch fansels, mar de sfear fan in toanielstik is dochs oars. Toanielregistraasjes komme op in lyts skerm mar matich ta harren rjocht. It Nijs besiket no dêrom ris wat oars en publisearret de tekst fan in toanielstik yn lytse partsjes.

Foto Pixabay.com

It is te rêden om it stik Pakes comeback oer spanningen tusken generaasjes. It is in komeedzje mei in maatskippijkrityske ynslach, dy’t troch konfrontaasjes yn in trijegeneraasjehúshâlding ferskate ûntwikkelingen yn in tiidsbestek fan sa’n heale iuw oer it fuotljocht bringt. Ut de ‘feed-back’ dy’t pake oan syn neiteam jout, docht bliken dat de 21ste iuw net allinnich mar foarútgong brocht hat, mar dat der ek in protte weirekke is, mei ferflakking as gefolch. Dat wurdt nochris beklamme troch it taalgebrûk fan de persoanen.

It stik is yn it begjin fan dizze iuw skreaun troch Nanne Hoekstra, mar it is nea ta in útfiering kommen. Dêrmei is dizze ‘fertoaning’ no winliken de premjêre. Ofsjoen fan de maatskippijkrityske kant (en it ûntbrekken fan waskmiddelreklames), dogge it ferhaal, hoe’t dat útbylde wurdt, it fermidden dêr’t it yn spilet en de wize fan publisearjen tinken oan in soaprige. De skriuwer hat it stik foar dizze ‘útfiering’ in aktuele prolooch jûn.

Pakes comeback set moarn, 27 april, útein mei in koart foarstellen fan de karakters, de prolooch en it begjin fan it earste tafriel fan bedriuw 1. Hieltyd op moandei, tiisdei, tongersdei en freed folget der tenei in nije ôflevering. Dy binne in dei te sjen op de thússide fan ItNijs.frl en letter altyd noch werom te lêzen by de kreative bydragen, te finen yn de menubalke ûnder Ferdivedaasje. De tekst is mei de foarlêsfunksje ek te beharkjen.

april 26, 2020 12:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.