It Fryske Fersepaad

april 27, 2020 11:30

Tusken Boalsert en Iens leit in spesjale Fersepaad foar fytsers en kuierders. Hast tolve kilometer lang, dêr’t de dyk it lân omklammet. It bysûndere is net allinnich dat it troch in moai stik fan Fryslân rint, mar ek dat der sa’n 25 panielen lâns de rûte steane mei Fryske gedichten.

Eigentlik rint it fan Iens nei Boalsert ta, want it wie in inisjatyf fan de ‘Stichting Dorphuis Edens’, sa’t de offisjele namme is. Mar om organisatoaryske redenen is it gaadliker om te begjinnen yn Boalsert by it Gysbert Japicxhûs, yn de Wipstrjitte 6. Mar men moat úteinlik wol werom!

It doel is fansels dat elkenien yn ’e kunde komt mei de Fryske taal en benammen de dichtfoarm, mar ek genietsje kin fan it lânskip. Op dy wize is it in stipe oan kultuertoerisme en ek oan de leefberens fan it gea.

It paad rint troch Boalsert, earst nei Burgwert ta om fia Wommels úteinlik yn Iens te einigjen.

Foar in grut part rint it by de Boalserter trekfeart lâns. Dat is in Frysk stik fan griene greide en romte mei de kym yn it sicht, mei de kronkelige smelle diken, terpen en de o sa moaie loften. Fansels binne de doarpen ek de muoite wurdich om te sjen.

Foto: Matthijs Verkuijl

Ut soarte is der in grut ferskil tusken in lyts doarpke as Iens en de monumintale stêd Bolsert mei bygelyks syn prachtich stedhûs (ek sûnder toer). Mar ek Wommels mei it tsiismuseum en syn histoarje is nijsgjirrich.

Fan ferskate dichters lykas Pyt Idzinga mei it Ienser Folksliet, Douwe A. Tamminga, Fedde Schurer is dichtwurk opnommen, mar der binne ek gedichten by fan de âlde masters, de grûnlizzers fan de skreaune Fryske taal lykas Waling Dykstra, Eelstje H. Halbertsma en fansels Gysbert Japicx. Alle dichters joegen op harren wize in soarte fan ympresje fan it Fryske Gea.

Foto: Matthijs Verkuijl

Spitigernôch binne op dit stuit alderhande musea noch net iepen, mar it paad sels hat syn eigen skjintme en wat dat oanbelanget al in fraai stikje natuer, dêr’t yn dizze tiid wól fan geniete wurde kin.

Matthijs Verkuijl

 

 

 

april 27, 2020 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.