Hoe fierder nei koroana?

april 21, 2020 09:47

Ynstjoerd

Op alle mooglike manieren wurdt besocht om in ein te meitsjen oan de wrâldwide koroanakrisis, dy’t no al mear as hûnderfyftichtûzen minsken it libben koste hat. Hooplik helpe de besteande maatregels dy’t oerheden nommen ha om de sykte te bestriden lykas isolaasje fan besmette persoanen en ‘social distancing’, want it sil noch wol efkes duorje foar’t in genêsmiddel of in faksin ûntwikkele is.

Wêr’t neffens my noch te min omtinken oan jûn wurdt is hoe’t we yn de takomst nije pandemyen tefoaren komme kinne. Dêrta moatte we leare fan de hearskjende koroanapandemy. Los fan alderhande wylde komplotteoryen dy’t hawwe wolle dat it firus moedwillich troch de Sineeske of Amerikaanske oerheid ferspraat is, is de koroanabesmetting nei alle gedachten ûntstien op in feemerk yn Wuhan, dêr’t ek in protte wylde bisten ferhannele wurde foar minslike konsumpsje. Hoe ferskriklik ek, it liket wol as slacht de natuer no werom yn de foarm fan in pandemy. Oannommen wurdt dat it deadlike covid-19-firus foarme is troch mutaasje fan in foar de minske ûnskuldich firus yn bygelyks flearmûzen, dêr’t fan bekend is dat sy dragers binne fan koroanafirussen mar dêr sels ymmún foar binne. Salang’t dy firussen minslike sellen net ynkringe, ha wy der gjin lêst fan. Bekend is lykwols dat firussen hiel maklik mutearje kinne. Dêrtroch binne se ek dreech te bestriden. Troch in tafallige mutaasje soe it covid-19-firus ûntstien wêze dat wol by steat is en kring de minslike sel yn. Op soartgelikense wize soe yn 2003 yn Sina it sarsfirus út wylde bisten ûntstien wêze kinne. Dat meganisme spilet net allinnich yn Sina mar ek yn bygelyks Afrikaanske lannen dêr’t it eboalafirus – in hiel oar firus as covid-19, mar noch deadliker foar de minske – ek maklik mutearret.

It is fanwegen natuerbehâld nedich om wylde bisten te beskermjen, mar it gefaar foar nije pandemyen troch it ûntstean fan nije libbensgefaarlike firussen is in ekstra reden om wrâldwiid in absolút ferbod op it ferhanneljen en konsumearjen fan wylde bisten ta stân te bringen en strang te hanthavenjen!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer
19-4-2020

april 21, 2020 09:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.