Hoe binne it Frysk en it Nederlânsk ûntstien? (en in soad oare kolleezjes)

april 3, 2020 22:07

Op ’e universiteiten en hegeskoallen is it op it stuit trankyl. De dosinten meie de kolleezjesealen net brûke en sitte út ‘e need gauris thús. Dêre, op ’e pôle, fine se wat út. Guon nimme harren harkkolleezjes mar mei in kamera op en pleatse dêr in filmke fan op it ynternet. De Universiteit van Nederland garret fan sokke fideo’s op in nij YouTube-kanaal, dat elkenien sokke kolleezjes fergees folgje kin. Se binne quarantainecolleges doopt.

De kolleezjes dy’t al publisearre binne, komme fan dosinten ekonomy, psychology, filosofy, taal- en letterkunde, skiednis, mediawittenskippen, kompjûterkunde en bestjoerskunde. Ien fan de kolleezjes giet foar in part oer de Fryske taal. Henk Wolf fertelt yn in kolleezje hoe’t de talen Frysk en Nederlânsk ûntstien binne.

Wolf syn kolleezje is hjir te besjen.

Hjir fine jimme in oersjoch fan alle kolleezjes.

april 3, 2020 22:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen april 4, 09:26

    Bjuster nijsgjirrich Henk en o sa ferhelderjend. Soene alle Nederlanners witte moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.