Hjoed Fryske Befrijingsdei!

april 15, 2020 07:12

Op 15 april 1945 waard it grutste part fan Fryslân befrijd. Langer wurdt oantrúnd op in provinsjale Befrijingsdei, mar oant no ta kaam dêr suver neat fan op ‘e hispel. Dit jier soe de befrijing fan Fryslân lykwols swiid fierd wurde. Oant de koroana roet yn it iten smiet.

Al jierren wurdt der, yn fermiddens fan bygelyks de FNP en it Frysk fersetsmuseum, pleite foar it fieren fan in ôfsûnderlike Fryske Befrijingsdei. Mar oant no ta wienen de Friezen dêr net foar út it stee te krijen. Yn de media wie der oars wol altyd planteit omtinken foar Friezen yn de Twadde Wrâldoarloch en de befrijing fan Fryslân. Likegoed by It Nijs dat bygelyks by gelegenheid fan dy dei fiif jier lyn fragminten oer de befrijing út in orizjineel oarlochsdeiboek publisearre en trije jier lyn in autentike ôfskiedsbrief fan in om utens begroeven Fryske fersetsstrider. Op it stuit stiet der in oarlochsferhaal op de foarside. Mar it bleau by ferhalen yn de media en by pleatslike betinkingen dy’t almeast net yn it gruttere ramt fan de Fryske Befrijingsdei pleatst waarden.

Omreden fan 75 jier befrijing soe it dit jier lang om let oars wurde. Meidat yn oare parten fan it lân wichtige fazen fan de einstriid tsjin de nazys apart betocht wiene en te uzes tal fan media- en keunstprojekten op priemmen set waarden, kaam in swide fiering fan de eigentlike Fryske Befrijingsdei allyksa op de aginda, mei in plechtige gearkomste yn it Provinsjehûs; oant de koroana oeral in tsjokke skoattel foar struts. Lykwols sil Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok fan ‘e moarn in taspraak hâlde dy’t streekrjocht troch Omrop Fryslân útstjoerd wurdt. En eltse Fries is fansels wer fan herten útnûge oan de freugde fan de frijheid by te dragen troch de flagge út te hingjen. Al liket it derop dat we op it stuit yn de grutste krisis sûnt dy Twadde Wrâldkriich bedarre binne en is dy frijheid no krekt beheind; mar faaks just dêrom. En ankom jier is der wer in kâns.

Lêstip: In wiidweidige beskriuwing fan de befrijing fan Fryslân dy’t op 12 april 1945 úteinsette (in projekt fan Omrop Fryslân dat wol útfierd wurde koe):

12 april

13 april

14 april

15 april

april 15, 2020 07:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.