Himmelwike 2020: folop online fertier foar bern

april 1, 2020 08:46

Troch de koroanakrisis gean alle himmelwiken dit jier oer. As alternatyf jout Omrin it jierlikse swalkôffalprojekt, mei mear as 8.000 learlingen fan hûndert skoallen yn sân Fryske gemeenten, in ferfolch fia ynternet. Mei ûnder oare in swalkôffalútdaging, ôffalkwis, tsjet en bou- en kleurplaat leveret Omrin op it webstee www.himmelwike.nl oerenlang fertier foar basisskoallebern.

Foto: Martin Rijpstra Fotografie

Fan griper nei ôffalkwis
Op it webstee kinne bern terjochte foar aardige nifeltips, fideo’s, in learsume ôffalkwis en in online swalkôffalútdaging. By dy útdaging is it de bedoeling dat bern in keunstwurk meitsje fan of oer (swalk)ôffal. De moaiste en nijsgjirrichste ynstjoerings meitsje kâns op fyftich euro oan boartersguod. Yn it jier dat de himmelwike tweintich jier bestiet, gean de bern dus net mei in griper en ôffalpûde de wyk yn, mar is der op ynternet wol fan alles te belibjen.

Doch no mei oan de online himmelwike! Dan gean we, sa gau’t it mei, wer echt oan ’e slach!

april 1, 2020 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.