Hânskreaune tekst fan ‘Hey Jude’ smyt acht ton op

april 12, 2020 08:53 Fernijd

Foto: pixabay.com

In mei de hân skreaune tekst fan it Beatles-nûmer ‘Hey Jude’ is op in ynternetfeiling ferkocht foar goed 900.000 dollar, omrekkene 832.000 euro. Dat is njoggen kear mear as de ferwachting fan it feilinghûs.

Neffens Julien’s Auctions brûkte skriuwer en sjonger Paul McCartney de hastich opskreaune sinnen yn 1968 foar it ûnthâld by it opnimmen fan it liet.

De feiling waard organisearre om’t it ôfrûne wike fyftich jier lyn wie dat bekend waard dat The Beatles útinoar giene. Der waarden mear as 250 Beatles-objekten ferkocht. Sa gie in basdrumfel mei dêrop it logo fan de Britske band dat brûkt wie yn de earste Amerikaanske toernee yn 1964, fan ’e hân foar 200.000 dollar (182.000 euro).

april 12, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.