Grutte selskippen en teäters toane wykliks online teäterfoarstellingen

april 6, 2020 10:12

Troch de koroanakrisis binne de teäters ticht, mar dat betsjut net dat dy sektor ûnderwilens stil sit. Njonken in protte inisjativen fan yndividuele organisaasjes en ynstellingen is der no it kollektive inisjatyf: Donderdag Verwonderdag.

Alle njoggen rykssubsidiearre saneamde BIS-selskippen fan Nederlân én in grut tal teäters diele sûnt tongersdei 2 april wykliks om 18.00 fia Facebook de registraasje fan in foarstelling fan ien fan de dielnimmende selskippen. Yn tsien wike tiid (der is ien bonusdielnimmer) loadse de teäters belangstellenden troch it lânskip fan it kwaliteitsteäter. Sa kinne minsken har tariede op it nije teäterseizoen.

Gau regele
De koroanakrisis sette fan de iene op de oare dei in streek troch in grut tal teäterpremjêres en -foarstellingen. De teäters sleaten de doarren en it publyk bleau thús. De wil om nettsjinsteande de ûnmooglikheid op it stuit te spyljen, dochs teater oan it publyk biede te kinnen, is in unanym diele winksk. It inisjatyf foar Donderdag Verwonderdag kaam dan ek fluch fan de grûn.

Dielnimmende selskippen en teaters
Dielnimmende selskippen binne: ITA, Oostpool,  Toneelgroep Maastricht, Zuidelijk Toneel, Het Nationale Theater, Theater Utrecht, Theater Rotterdam, Tryater, Noord Nederlands Toneel en de bonus: Club Guy & Roni.

De oant no ta dielnimmende teäters binne: SPOT Grins, Theater Rotterdam, Het Nationale Theater, ITA, Musis en Stadstheater, Stadsschouwburg Utert, NNT/ Club Guy & Roni, HZT, Theater Utert, Toneelgroep Maastricht, Tryater, Oostpool, ITA, Schouwburg Amstelveen, TAQA Theater De Vest, Theater DNK Assen en Skouboarch De Lawei.

Sjoch op de Facebooksiden fan Tryater en De Lawei.

april 6, 2020 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.