Gjin yntinsive soarch mear foar 70-plussers
Resint ferskynd
De ôfdielings yntinsive soarch fan ‘e Nederlânske sikehuzen krije net mear as 2400 bêden. It personiel kin de soarch foar mear pasjinten net oan. Dat hawwe de sikehûzen freed te hearren krige. As der krapte ûntstiet, dan moat it personiel kieze hokker pasjint oft in bêd kriget en wa net. Dêr binne hjoed nije kritearia foar oanlevere.
De koepelorganisaasje fan ôfdielings yntinsive soarch hawwe de opdracht krige om in pear hurde maatregels te nimmen. Pasjinten fan santich jier en âlder wurde net langer opnommen. Dat jildt ek foar pasjinten dy’t tige swak binne en in lytse kâns hawwe om yn libben te bliuwen. Fierders wurde pasjinten dy’t stjerre, net mear reänimearre. As organen fan pasjinten dermei ophâlde, wurde hja ek net mear behannele.
De nije rjochtlinen binne te finen yn it folgjende dokumint:
https://nvic.nl/sites/nvic.nl/files/20200402%20noodbrief%20taskforce.pdf
Wat erch. As it om de AOw leeftyd giet binne je oant je 67ste noch goed genôch om oan it wurk te gean, en ha je al dy jierren meibetelje oan belestingen en soarch en dan wurde je trije jier letter blykber al ôfskreaun. Ferskriklik!!!