Fryslân yn Ferbining ferbynt yn koroanakrisis

april 5, 2020 08:54 Fernijd

Deputearre Douwe Hoogland (foto: Provinsje Fryslân)

Troch de koroanakrisis driigje kwetsberen en âlderen yn in sosjaal isolemint telâne te kommen. De provinsje Fryslân set dêrom fan ’e wike mei in nij inisjatyf útein: Fryslân yn Ferbining. Doel is om ynwenners dy’t fan help ôfhinklik binne en ynstânsjes dy’t stipe biede oaninoar te ferbinen.

Deputearre Douwe Hoogland: “De koroanakrisis hat grutte gefolgen foar de leefberens. Op de webside Fryslân yn Ferbining kinne ynwenners mei in helpfraach lêze wêr’t se terjochte kinne. Dêrmei wolle wy de mienskip bemoedigje en minsken fierder helpe yn dizze drege tiid.”

Kampanje is ek foar ûndernimmers
De kampanje is ek op ûndernimmers rjochte. In soad Fryske bedriuwen wurde troch de koroanakrisis rekke. Regelingen en aksjes foar bedriuwen binne op Fryslân yn Ferbining werom te finen. Yn de rin fan de kommende wiken sille mear tema’s en doelgroepen by de kampanje oansletten wurde. Sjoch foar mear ynformaasje www.fryslan.frl/fryslanynferbining.

april 5, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.