Fryslân stelt wettersportseizoen foarearst út

april 6, 2020 09:56

Yn Fryslân stelle provinsje en gemeenten it begjin fan it wettersportseizoen foarearst út oant en mei 28 april. Dêr slute oerheden mei oan by de ferlinging fan de lanlike koroanamaatregels dy’t tiisdei lêstlyn troch minister-presidint Rutte ôfkundige binne.

Sylroedebrêge op ’e Lemmer (foto: Wikipedia/Schmitz.alex – CC BY-SA 3.0)

It útstellen fan it wettersportseizoen hâldt yn dat de rekreaasjefeart yn Fryslân oant en mei 28 april tige beheind gebrûkmeitsje kin fan brêgen en slûzen. De Fryske gemeenten en de provinsje hâlde yn dizze perioade foar de betsjinning fan brêgen en slûzen it winterrezjym oan. Mei dizze maatregel stimulearje de oerheden rekreänten om thús te bliuwen en net sûnder reden it wetter op te gean. Dêr wurdt fersprieding fan it korroanafirus safolle mooglik mei tefoaren kommen.

Aktuele ynformaasje
Ynformaasje oer de provinsjale brêgebetsjinning stiet op www.fryslan.frl/bedieningstijden. De measte aktuele ynformaasje oer de gemeentlike brêgebetsjinning is te finen op de ûnderskate gemeentlike websiden.

Oprop
Lykas oanjûn yn de lanlike maatregels en de oprop fan premier Rutte freegje provinsje, gemeenten en Feilichheidsregio Fryslân ynwenners en toeristen om net of oars sa min mooglik de rekreative (far)foarsjennings te brûken. Ast net it wetter op hoechst, bliuw dan thús.

Hanthavening
De sanitêre foarsjennings yn jachthavens, op kempings en rekreaasjeterreinen bliuwe sletten oant en mei 28 april, lykas earder besletten en opnommen yn ’e needferoardering fan ’e feilichheidsregio. De needferoardering jildt ek op it wetter. Dat betsjut dat plysje en gemeenten ek op it wetter neffens de lanlike koroanamaatregels hanthavenje.

Feilichheidsregio
De Fryske gemeenten, de provinsje Fryslân en Feilichheidsregio Fryslân arbeidzje mei-inoar op yn it beslút om de winterbetsjinning oan te hâlden foar de provinsjale en gemeentlike brêgen en slûzen. De trije noardlike feilichheidsregio’s stimden op 27 maart harren needferoarderings ek opinoar ôf.

april 6, 2020 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.