Fryslân kriget faaks foarrang by ôfskaffen antykoroanamaatregels

april 16, 2020 13:36

Foto: GGD

Net yn alle provinsjes fan Nederlân wreidet de Sineeske trudze like hurd. De goarre, mei it koroanafirus as kweadogger, makket benammen raar wurk yn Noard-Brabân en de Rânestêd, wylst de noardlike provinsjes der krekt rillegoed foarwei komme. Dat kin reden wêze om de maatregels dêr minder strang te meitsjen.

Dat seit Jaap van Dissel, de foarsitter fan ‘e groep saakkundigen dy’t it regear advisearje oer it koroanabelied. Yn de trije Noard-Nederlânske provinsjes kinne dokters noch ûndersykje mei wa’t nije pasjinten yn kontakt west hawwe. Yn de rest fan Nederlân is dat net mear te dwaan.

Fryslân kin dus, lykas de buorprovinsjes Grinslân en Drinte, skielk in losser rezjym krije. Dat hat lykwols al in risiko, seit Van Dissel, nammentlik hoarekatoerisme. As de terrassen te uzes wer iepengeane, dan kin it samar wêze dat ljuwe út oare streken dêrop delstrike. Soks barde yn ‘e grinsstreek ek doe’t België de hoareka al tichtdien hie, mar Nederlân noch net.

april 16, 2020 13:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.