Frysktalige peaskemeditaasjes

april 10, 2020 07:00

No’t der gjin tsjerketsjinsten holden wurde, komt it krap om mei de evangeeljeferkundiging yn de Fryske taal. Omrop Fryslân docht wol syn bêst mei de moarnstsjinsten út Frjentsjer wei, mar it brûken fan it Frysk beheint him ta in wurd fan wolkom en ris in liet.

It Nijs wol besykje om yn de koroanatiid te foarsjen yn Frysktalige oertinkingen op snein, te begjinnen op Earste Peaskedei. Liuwe H. Westra fan Lollum (foto) makket dy start royaal mooglik mei leafst trije meditaasjes, dy’t op de beide peaskedagen foar en nei online komme. Se binne te finen yn de rubryk Opiny en ûnder tema Mienskip, kategory Spiritueel.

De redaksje is dwaande om de kommende sneinen ek yn Frysktalige oertinkingen te foarsjen.

april 10, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.