Fryske plysje bekeurt yn trochsneed 251 fytsers yn ’e moanne

april 25, 2020 09:15

De plysje yn Fryslân slingeret yn trochsneed sa’n 251 fytsers yn ’e moanne op ’e bon; foar beljen of appen en riden sûnder ljocht. Dat blykt út ûndersyk fan beslist.nl, dat sifers opfrege by it CJIB om nei te gean yn hokker mjitte fytsers har hâlde oan de nije ferkearsregels. Fytsestellerij waard yn it ûndersyk ek ûnder de loep nommen.

Ofbylding: Beslist

Fryske fytser kriget relatyf net faak in boete
De Fryske fytser hâldt en draacht him blykber relatyf netsjes yn it ferkear. Ungefear 18,6 op de 10.000 ynwenners krigen – tusken 1 july 2019 en 31 jannewaris 2020 – in boete foar fytsen sûnder ferljochting. As ferliking: de lanlike trochsneed is 23 op de 10.000 ynwenners, dêr’t Noard-Hollân de koprinner by is (31,4 boetes op de 10.000 ynwenners).

Wat appen of beljen ûnder it fytsen oanbelanget waarden yn Fryslân relatyf mar in bytsje oertrêdingen begien. De Fryske trochsneed fan 8,5 boeten op de 10.000 ynwenners stekt gâns ôf by de lanlike fan 13,9 boeten op de 10.000 ynwenners, en foaral by de Grinslanner sifers (25,7 op 10.000).

Ofbylding: Beslist

Minder fytsestellerij
Yn de ôfrûne fiif jier is it registrearre oantal stellen fytsen lanlik mei hast 40 prosint sakke. Wol binne der grutte ferskillen tusken de provinsjes. Sa is it stellen fan fytsen yn Fryslân sakke mei goed 54 prosint, wylst dat yn Noard-Hollân ‘mar’ mei 23 prosint sakke is. Op de 10.000 Fryske ynwenners wurde ‘mar’ 21,5 fytsen stellen. Dêr stiet Fryslân mei op it twadde plak as provinsje mei de geunstichste sifers.

Ofbylding: Beslist

In folslein oersjoch fan de sifers fan alle provinsjes is te finen op: www.beslist.nl/info/fietsen-in-cijfers.html.

 

april 25, 2020 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.