Fryske Koarekoepel SAKO en Fulkaan begjinne firtueel koar

april 20, 2020 08:09

Wy moatte allegear thúsbliuwe, dus hawwe SAKO Fryslân en talintûntwikkeler Fulkaan (ûnderdiel fan Keunstwurk) spesjaal dêrfoar in projekt betocht: in firtueel koar. Yn dizze ûnwisse tiden dy’t it koroanafirus meibringt, wolle se sjongers en sjongeressen – al dan net yn koarferbân – wat posityfs oanbiede, sadat elkenien dochs noch kollektyf sjonge kin.

Foto: pixabay.com

It idee is ienfâldich: dielnimmers sjonge thús harren partij yn en nimme dat op mei audio en fideo. De organisaasje bringt alle ynstjoerings byinoar en makket der op fideo in grut online koar fan. It keazen nûmer ‘See you again’ fan Charlie Puth stiet symboal foar it momint dat se inoar wer sjen kinne, wannear’t de maatregels oangeande it koroanafirus opheven wurde.

Op de webside fan Fulkaan stiet in simpele en wiidweidige ynstruksje foar elkenien. Dêr fine de dielnimmers de begeliedingsmuzyk, de nedige blêdmuzyk en in foarbyldfideo, sadat se thús oefenje kinne. Hja kinne harren sjongstik thús ynsjonge en filmje fia telefoan, tablet, laptop of kamera (salang’t it mar lizzend formaat is). Dielnimmers leverje harren fideo dan fia de Fulkaan-webside oan by de fideobewurker en de lûdsman. Dy meitsje der kwa lûd en byld in gehiel fan. De falbile foar ynleverjen is freed 24 april om 17.00 oere.

Yn tiden fan ôfsûndering wit muzyk altyd en oeral foar ferbining te soargjen. De organisaasje hopet mei in protte ynstjoerings dan ek in moai, omfangryk koar te realisearjen.

april 20, 2020 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.