Fryske Foarlêswike útsteld

april 12, 2020 09:11 Fernijd

Goed seishûndert foarlêzers geane alle jierren yn de earste folle wike fan juny op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 18.500 nije Tomke-temaboekjes mei, dat de bern nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hús krije.

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Ofbylding: Afûk

Fryske Foarlêswike útsteld
Yn 2020 giet it allegear oars. Yn juny sille in hiel soad pjutten net op de pjutte-opfang wêze, mar thús. De foarlêswike wurdt dêrom útsteld nei letter yn it jier, nammentlik de wike fan 26 oant en mei 30 oktober. Dy datum is noch ûnder foarbehâld, mar as it nei de simmer goed liket, dan komt Tomke yn oktober graach wer by de pjutten del!

Tomke moat ek thús bliuwe, mar …
Oant dy tiid hoege bern Tomke net te missen! Skriuwster Riemkje Pitstra hat in moai en foar pjutten werkenber ferhaaltsje skreaun oer de bysûndere situaasje dêr’t wy no allegear mei-inoar mei te krijen ha: ‘Achter it rút’. Tomke wol graach nei buorman Piter, mar dy wennet yn in grut hûs mei oare âlde minsken en dêr mei er no net hinne. Mar Tomke hat in idee! By dat ferhaaltsje is in lesbrief makke, mei aardige suggestjes foar aktiviteiten foar thús. Op www.tomke.frl binne ek kaarten te finen dy’t de bern moai ynkleurje en opstjoere kinne nei harren eigen pake, beppe, buorman of buorfrou.

Op de Tomke-site en yn de Tomke-app binne noch mear moaie ferhaaltsjes, ferskes, filmkes, spultsjes en nifelwurkjes te finen én âlden kinne no tydlik ek tagong krije ta de ‘Tomketeek’: it digitale platfoarm grôtfol Fryske taalaktiviteiten dat gewoanwei allinne foar de pjutte-opfang beskikber is. Fia ynfo@tomke.nl is in ynlochkoade op te freegjen.

april 12, 2020 09:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.