Fryske boeken

april 29, 2020 13:03

foto: Matthijs Verkuijl

Op 21 april 2020 ferskynde in kollum fan Aant Mulder op It Nijs oer de top10-list fan Fryske romans ensfh. In moai stik mei wat foarbylden fan in oantal oan te rekommandearjen boeken.

It wie dúdlik in poepetoer om in gaadlike list te finen, want eins steane mar fiif boeken yn de Afûk-top10 dy’t ornearre binne foar folwoeksenen!

Der binne genôch Fryske boeken te keap. Dêr leit it net oan. Nije en brûkte eksimplaren mei de âlde en de nijste stavering. En der wurde altyd noch wol nije boeken publisearre. Ek yn dizze tiid. Fia ynternet en de gewoane boekhannels, mar benammen ek by jiermerken, sutelaksjes kinst wat keapje. It is in wier geniet om te sjen by it Antiquariaat Friesland yn Ljouwert of by de doarpswinkel it Vergeet-mij-nietje yn Feanwâlden mei hûnderten Fryske boeken fan foar 1981-2015 en mei de lêste stavering. Fansels kinst ek telâne by de biblioteken mei harren samling.

It probleem is lykwols, hoe kriget men de minsken hjir yn ús provinsje waarmr foar it lêzen yn de eigen taal.

Der binne lokkich in soad berneboeken foar de basisskoalle. De jongelju tusken de 12 en 30 jier lêze hast net. Dy hawwe wol wat oars te dwaan. Pas op folwoeksene âldens begjint it lêzen wer. Dat betsjut dat der enerzjy yn stutsen wurde moat om de minsken safier te krijen dat se ynteressearre binne yn Fryske boeken. Ik tink sels dat der in rol leit foar de provinsje, mar ek foar de Afûk. Der is bygelyks ien boekeklup op ’e Jouwer, regele fia de Afûk. Dêr soene bêst wol mear fan wêze meie. Dy organisaasje soe neffens my wat pro-aktiver wêze moatte by it stypjen fan it lêzen, mar dat jildt ek foar de Fryske Akademy en miskien oare organisaasjes. Fansels kin Omrôp Fryslân, lykas Hollânke útstjoeringen dogge, ek wat oan promoasje dwaan. Bygelyks nûgje ek ris ferneamde Friezen út.

Yn 2018 wiene der sa’n 250 minsken dy’t meidiene oan it Frysk Diktee. Dit is ien fan de boarnen om oan te boarjen. Mar se moatte wol stimulearre wurde. Lokkich is der in nij tydskrift, De Nije, as begjin fan ferbettering fan it fermogen om net allinnich te lêzen yn it Frysk mar hooplik ek om te skriuwen.

Konklúzje
It moat seksy en nijsgjirrich wurde om in Frysk boek te krijen, want net allinnich binne de âlde skriuwers de muoite wurdich mar ek de hjoeddeiske. Wa nimt it eins op? Want oars komt ús taal sa stadichoan noch mear yn de nederklits!

Matthijs Verkuijl

 

 

april 29, 2020 13:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.