Fryske Akademy advisearret oer skriuwwize corona/korona/koroana

april 2, 2020 23:32

De Frysktalige media wrakselje al in hoart mei de skriuwwize fan it firus dat yn it Nederlânsk corona hjit. Der komme yn ‘e praktyk no trije foarmen foar: coronakorona en koroana.

De Fryske Akademy seit dat alle trije foarmen neffens de regels tastien binne (hjir klikke). Taalkundige Henk Wolf kaam earder fan ‘e wike op it webstee fan De moanne ta deselde konklúzje (hjir klikke). De Akademy advisearret om koroana te skriuwen. De redaksje fan It Nijs hat ferline wike ek foar dy skriuwwize keazen, nei’t bliken die dat meiwurkers de trije foarmen trochinoar hinne brûkten.

De Fryske Akademy hat in wurdlist útbrocht mei dêryn advys foar ferfryske foarmen en Fryske staverings fan wurden dy’t mei de koroanakrisis te krijen hawwe: hjir klikke.

april 2, 2020 23:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.