Frysk Museum ynspirearret muzikanten mei kolleksje

april 9, 2020 09:57

Art Rocks, de grutste Nederlânske muzykkompetysje dy’t keunst en muzyk byinoar bringt, yntrodusearret de útdaging Rock The House. Muzikanten dy’t troch de koroanakrisis thús sitte, kinne har ynspirearje litte troch harren favorite keunstwurk, bygelyks it dûnskostúm fan Mata Hari.

Foto: Art Rocks/Kim Balster

De winnende ynstjoering kriget in masterles en in jildbedrach fan € 250. Boppedat wurdt foar eltse dielnimmer in euro donearre oan it Reade Krús. Oan muzikanten út alle sjenres de oprop om in nûmer ynspirearre op in keunstwurk yn te stjoeren en te dielen op sosjale media mei hekstek #ArtRocksTheHouse.

De ynstjoering bestiet út in filmke dêr’t de bydrage yn útfierd wurdt of de foardracht mei it keazen keunstwurk yn byld bringt. It nûmer, ynspirearre op it keunstwurk, dat mei yn sprutsen wurd, a capella, ynstrumintaal, rap; alle sjenres binne wolkom. En tige wichtich foar dizze útdaging: ymperfeksje is ek perfekt genôch.

Foto: Art Rocks/Kim Balster

Art Rocks donearret € 1 de ynstjoering oan it Reade Krús. Dielname is foar alle leeftiden, sjenres en nivo’s. Rock The House is in foarpriuwke fan de grutte muzykkompetysje dy’t fan ’t hjerst úteinset, dêr’t it Frysk Museum ek oan meidocht.

It útfieren of foardragen fan de bydrage moat fêstlein wurde op in fideo fan yn elts gefal tritich sekonden. Dielnimmers stjoere de fideo op en poste dy op sosjale media mei #ArtRocksTheHouse. Sjoch op www.artrocks.nl foar fierdere ynstruksjes.

april 9, 2020 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.