Frijwilligers socht om Fryske sintsjes yn te sprekken
Resint ferskynd
De provinsje Fryslân en ferskate oare Fryske organisaasjes, lykas de Afûk en de Fryske Akademy, binne op syk nei frijwilligers om tûzenen Fryske sintsjes yn te sprekken yn in databasis fan Mozilla Voice. Dat kin thús op de eigen kompjûter of snoadfoan dien wurde.
Foar de database wurdt materiaal fan tsientallen talen sammele. It doel is om masines en apps te learen hoe’t minsken prate, sadat skielk soarchrobots, websiden en apps better Frysk en oare talen prate kinne. Der binne op syn minst 300 oeren materiaal nedich. De database befettet no fiif oeren Frysk en dêrom is noch wol wat help nedich. It is wichtich om in grut ferskaat oan stimmen te hawwen en alle útspraakfarianten fan it Frysk binne wolkom.
It ynsprekken fan de sintsjes kin op de webside voice.mozilla.frl.
graach wol ik meidwaan om Fryske sinnen te sprekken.
It is spitich dat it my net slagget om earne wat te iepenjen sadat ik begjinne kin.
Haw fanalles besocht, ik fyn it net maklik .
Ik freegje dêrom om wat help
Yndied, voice mozilla is kroandea.
Jo kinne meidwaan troch op it mikrofoantsje te klikken.
Ik wol graach meidwaan oan it ynsprekken.
Elke keer is het te zacht volgens een reactie. Ik stuur het graag als MP3 toe