Frânsen folgje alle jûnen manmachtich balkonkwis

april 6, 2020 10:26

Alle jûnen om 20.00 oere presintearret de Frânske akteur Noam Cartozo in kwis yn ’e strjitte yn Parys dêr’t er wennet. Hy docht in rút fan syn appartemint iepen en ropt ien foar ien de kwisfragen nei bûten. De buorlju, dy’t ek út it rút hingje, roppe de antwurden.

De hiele strjitte laket by ferkearde antwurden en bewenners klappe by goede antwurden. Cartozo is – soms yn smoking, soms yn fuotbalshirt – de presintator dy’t alles mei in protte humoar oaninoar praat.

Yn Frankryk jilde sûnt heal maart strange karantênemaatregels. Mar de balkonkwis is foar in protte minsken útgroeid ta in deistich ljochpuntsje yn koroanatiden. De strjitte is ferdield yn twa tiims dy’t it tsjininoar opnimme. It iene tiim bestiet út de apparteminten mei de even hûsnûmers. It oare tiim út de ûneven nûmers. Dêr wennet er sels, dus dy hawwe ien kandidaat minder want dy stelt de fragen.

De akteur stjoert de kwis ek live út fia syn Instagram-akkount. Fideo’s dêrfan set er efterôf op sosjale media. Ien fan de earste kearen waard de fideo troch hast twa miljoen minsken besjoen. Minsken yn hiel Frankryk dogge manmachtich thús mei, sels yn it bûtenlân wurdt it besjoen. En minken jouwe online harren antwurden yn de livestream op Instagram.

De akteur begûn der oardel wike lyn mei. It wie eins as grap bedoeld.

Besjoch in filmke fan 4 april op YouTube.

 

april 6, 2020 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.