Frâns Kuipers: Natuerlike korreksje?

april 18, 2020 20:00

Kollum

It is op it stuit ferfelend dat ik net mear samar by immen op besite gean kin. Oarsom is it ek hiel ferfelend dat ik net samar mear besite krij. Dy twa rigeltsjes tekst jilde foar miljoenen minsken. In protte âldere minsken ferlitte it libben yn iensumens. Somtiden sûnder immen fan de famylje of eigen bern. Gjin hân yn in oare hân. Soarchmeiwurkers, ferplegers/ferpleechsters nimme, as it safier is, it plak yn fan de famylje. Ferskuorrend. Net te befetsjen.

It hat der efkes op like dat der yn de Nederlânske sikehuzen te min IC-opfang wêze soe, dêr’t situaasje troch ûntstean soene dat dokters útmeitsje moatte (triaazje) wa’t wol en wa’t net foar in IC-behanneling yn oanmerking komt. Lokkich is it net safier kommen; it liket derop dat wy wer in bytsje optimistysk wurde kinne. Foaral de trije noardlike provinsjes komme der goed foarwei.

Sturtbite
Wêr’t net oer praat wurdt, mar wat wol in feit is, is dat kabinet Rutte-II (VVD-PvdA) yn 2015 it snoeimes set hat yn sikehuzen, sûnenssoarch en ferpleechhússoarch. En no is der fan alles te min! Der is in grut tekoart oan personiel en materiaal. De polityk byt himsels yn ’e sturt. Johan Cruyff soe sizze: “Er moet eerst iets gebeuren, voor er iets gebeurt!” Te hoopjen is dat der nei ôfrin fan dizze koroanakrisis in yngreven beliedsevaluaasje komt. In krisis leit swakten bleat.

Unfoldwaande
Pandemywittenskippers hawwe kabinet Rutte-III en ek eardere Rutte-kabinetten bytiids warskôge foar it feit dat Nederlân net taret is op it omgean mei in pandemy. Topamtners seine dat it wol wat tafalt en dus waarden wize advizen yn ’e wyn slein. Hâlde kapitalistysk tinkende en hanneljende politisy leaver gjin rekken mei tsjinslach? Wa’t dán libbet, dán soarget? Dêr liket it op. De koarte termyn regearret. Rikere westerske lannen – ek Nederlân – binne kwetsber om’t se ôfhinklik (wurden) binne fan lannen lykas Sina, Saoedie-Arabië en Súd-Afrika. Kapitalisme en ekonomyske groei as ‘leauwe’ is de grûnhâlding fan trochsneed Nederlân. Kiezers wolle dat sa’t it liket, want kiezers bepale úteinlik wa’t oan it roer fan it ‘Skip fan Steat’ komme te stean. Jild makket ommers lokkich?

Technyk regearret
Salang’t de ierde draait en salang’t der minsken op libje, hawwe der altyd pandemyen west mei hûnderten miljoenen deaden. Pandemyen binne bepalend foar de ûntwikkelingen fan en op ús wrâld, want dy lizze de swakten fan mienskippen bleat (Trouw, 8 april 2020). De minske, begûn as Homo Erectus en trochûntwikkele nei Homo Sapiens en no libjend as Homo Economicus is it gefolch fan in oanienskeakeling fan ûntwikkelingen. Trochgeande groei hat laat ta de tiid fan hjoed-de-dei. Mar de wrâld stiet net stil, want aloan giet de wittenskip troch en wurdt der socht nei nijere techniken. Om ‘de himel te bestoarmjen’?

Korreksje
Sa libje wy hjoed-de-dei op in wrâld, dêr’t de wittenskip en de technyk de boppetoan fiere of fiere wolle. Elkenien profitearret dêrfan. Ik ek. Alles wat mooglik is, moat mooglik wurde. Wylst in minske ûnderdiel fán de natuer is, fielt of hâldt en draacht de minske him/har (ek) as baas óer de natuer! Bosken ferdwine, stêden as metropoalen ferskine. Oeral komt beton en asfalt. Wy ride en fleane oeral hinne. Soks jout libbenslok. De driuwfear is dat it minskdom foarút moat. Wat mear, wat better. Wat grutter, wat better. Wat heger, wat better! Tagelyk libbet sawat de helte fan de wrâldbefolking fan € 4,50 de dei en stjerre miljoenen minsken fan de honger. Dêr ek meitsje helpferlieners (lês: fitale beroppen) it ferskil.

Yn ’e war
En dan bringt in nij koroanafirus it goeie libben yn ’e war. Covid-19 wurdt alles en elkenien oermânsk. Hoe kin dat samar ynienen? Wurkje firussen as natuerlike korreksjes? Seit soks eat oer ús libbenswize of oer de oerbefolking?

april 18, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp april 27, 09:29

    Bêste Frans, ik kin dy en oaren it boek fan Roger Scruton ‘Het Nut van Pessimisme’ tige oanrekommandearjen. Dyn hiele stik is der in illustraasje fan. Dan falt it my ôf dat in sels-ferklearre discipel fan Scruton (Thierry Baudet) út en troch sokke ôfwaaide praat oer de hiele problematyk hat.
    Hertlike groetnis út Leien fan dyn âld-kollega Jan Schulp

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.