Fideo oer de Turkske minderheid yn Grikelân
Resint ferskynd
Súdeast-Europa is in regio fan minderheden: groepen mei in eigen taal, kultuer en/of godstsjinst wenje fersille oer in grut gebiet, tusken oare minderheden en gauris yn mear as ien lân. Dat jildt ek foar de Turken, dy’t sûnt de fyftjinde iuw de streek Trasië bewenje, dy’t yn de hjoeddeiske steaten Turkije, Bulgarije en Grikelân leit.
De Arabyske nijsstjoerder Al Jazeera hat in dokumintêre makke oer de Turkske minderheid yn it Grykske part fan Trasië. Hy is makke yn it Ingelsk en hat as titel Western Thrace, Contested Space? (West-Trasië: omstriden plak?). Hy is hjirûnder te besjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje