Feie Fonyk. De pest

april 17, 2020 14:37

boarne: ‘School History The Great Plague’

Kollum

Wês bliid dat wy yn ús tiid net mear lykas yn 1665 ôfhinklik binne fan ‘Gods genade’ en dat wy in regear hawwe dat maatregels doar te nimmen by alle ûnwissens en dat him dêrby liede lit troch it sûne ferstân fan wittenskippers.

De Pest stie ôfrûne wike yn de top tsien fan de meast ferkochte boeken. Dat falt te begripen, want der binne in soad oerienkomsten tusken dizze roman út 1942 fan Albert Camus en wat wy no meimeitsje mei it covid-19-firus. Lykas op side 183 fan myn alfde printinge fan 1966, dêr’t filosoof Tarrou tsjin de haadpersoan, dokter Rieux seit: “(…) dat men ûnophâldlik jinsels yn acht nimme moat om der net ta dreaun te wurden yn in momint fan sleauwens in oar yn it gesicht te azemjen en te ynfektearjen”. Yn de roman komme amper politike lieders foar.

Dy binne ek opfallend ôfwêzich yn it deiboek fan de Britse amtner Samuel Pepys. By de “Great Plague”, de pestepidemy fan 1665 – 1666 stoaren yn London mear as 100.000 minsken. Pepys skriuwt op 19 oktober 1663 foar it earst oer de pest. Dy hat dan Amsterdam berikt. Yn de jierren dêrnei docht er geregeld ferslach, lykas op 7 juny 1665. No yn Nederlânske tekst “Vandaag zag ik mijns ondanks in Drury Lane twee of drie huizen met een rood kruis op de deur en de woorden ‘God zij ons genadig’. Ik voelde me meteen onbehaaglijk worden, zodat ik gedwongen was wat kauwtabak te kopen om aan te ruiken en te kauwen en dat nam de voorgevoelens weg”. (Samuel Pepys, Dagboek van een levensgenieter 1660/1669, Kruseman 1967). It smoken fan tabak waard oanbefelle tsjin de fersprieding fan de pest.

Wêr’t ik yn it covid-19-nijsbombardemint it meast argewaasje fan ha, is fan al dy betterwiters mei harren krityk op it regear. En fan ûnnoazelen dy’t mei ûnnoazele terapyen komme of, noch ûnnoazeler, de ûnnoazelen dy’t tinke dat dizze útbraak te krijen hat mei it 5G-netwurk.

 

april 17, 2020 14:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.